Frysk-Grinslânske hingmatteynstallaasje De Relaxerette nei Singapore

maart 26, 2019 09:41

De unike hingmatteynstallaasje De Relaxerette fan de Grinslânske keunstner Arjan Kruidhof en it Fryske produksjehûs Explore the North is ûnderweis nei Singapore.

De Relaxerette (foto: Xanne Wijkamp)

Fan 10 maaie oant en mei 2 juny kinne besikers fan it Singapore International Arts Festival yn de rûndraaiende ynstallaasje mei in koptelefoan literêre ferhalen fan noardlike, Nederlânske en Aziatyske skriuwers beharkje. De ynstallaasje is in idee en ûntwerp fan Arjan Kruidhof yn gearwurking mei it festival en produksjehûs Explore the North en it meartaligensprojekt Lân fan Taal. Ofrûne jier sieten der al mear as 8000 besikers yn op ûnder oare Oerol, Noorderzon, Simmerdeis en Explore the North.

Ferhalen fan Fryske, Nederlânske en Aziatyske makkers te hearren
Besikers fan it Singapore International Festival of Arts harkje fan 10 maaie oant 2 juny yn De Relaxerette nei ferhalen en lûden dy’t har tinzen efkes stilsette. Neist ferhalen fan ûnder oare de noardlike makker Jamila Faber en de Nederlânske skriuwers Pieter van der Sman, is diskear ek wurk fan makkers út regio Singapore te hearren. Trije makkers út dy omkriten skriuwe dêr spesjaal in ferhaal foar.

De Relaxerette (foto: Jantina Talsma)

Passend foarbyld fan ambysjes Explore the North
De ynternasjonale reis fan De Relaxerette nei Singapore is in passend foarbyld fan ien fan de doelen dy’t Explore the North as produksjehûs foar eagen hat. Nammentlik (jonge) teatermakkers, skriuwers, dichters, muzikanten en oar talint út Fryslân en dêrbûten mooglikheden biede om har út Fryslân wei te ûntwikkeljen, sadat sy har dêrnei ek yn in ynternasjonale kontekst presintearje en ferhâlde kinne.

Der is ûnderwilens ek belangstelling foar De Relaxerette út oare lannen, mei tanksij de spylbeurten op de ynternasjonale festivals Oerol en Noorderzon. Explore the North en Arjan Kruidhof sille dit jier yn petear oer hoe’t dit moaie projekt him yn de kommende jierren ûntwikkelje kin.

maart 26, 2019 09:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.