Frou yn Arizona oanfallen troch jaguar

maart 12, 2019 08:43 Fernijd

In frou yn de Amerikaanske steat Arizona is snein yn in bistetûn oanfallen troch in jaguar doe’t se in selske meitsje woe mei it rôfbist.

Foto: pixabay.com

De frou wie oer in ôfskieding foar de koai klommen om sa ticht mooglik by de jaguar te kommen. Doe’t se de foto meitsje woe, grypte de jaguar har troch de gatten yn it stek fêst. It bist sette de klauwen yn har ûnderearm. Oare besikers slaggen deryn om de jaguar ôf te lieden mei in wetterfleske, sadat it bist losliet. De Amerikaanske hie djippe snijwûnen yn de earm, mar wie net libbensgefaarlik ferwûne.

De bistetûn lit fia Twitter witte dat it ynsidint net de skuld fan de jaguar wie en dat it bist net ôfmakke wurdt.

maart 12, 2019 08:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.