Friezen, Grinslanners en Limburgers binne gjin Nederlanners

maart 11, 2019 21:59

Persintaazje ynwenners dat “tige grutsk” is op de eigen provinsje

Der is net in oare provinsje yn Nederlân dêr’t de ynwenners sa grutsk op binne as Fryslân. Trije fan ‘e fjouwer Friezen sizze sels dat hja “tige grutsk” op Fryslân binne.

De Fryske mentaliteit, de kultuer en de Fryske taal binne de saken dêr’t de Friezen mei de measte grutskens oan tinke. Opfallend is dat jonge Friezen benammen de Fryske nochterens romje, wylst de Friezen op jierren krekt faak de natoer en it lânskip as grutste rykdom fan Fryslân neame. Dat docht bliken út in grut ûndersyk fan I&O Research.

Fryske nochterens

Dat jongelju net hâlde fan stedske droktemakkerij is in Noard-Nederlânsk ferskynsel. Jonge ynwenners fan Grinslân en Drinte diele dat gefoel mei de Fryske leeftydsgenoaten. Foar seis op ‘e tsien Friezen is de Fryske taal it wichtichste om grutsk op te wêzen. Jongelju neame de taal faker as de âlderein.

Yn net ien provinsje diene minsken sa graach mei oan it ûndersyk as yn Fryslân. Dat jout neffens de ûndersikers ek oan dat Friezen grutsk binne op ‘e eigen provinsje. De ûnderfrege persoanen koene oanjaan oft se harren identiteit benammen ûntlienden oan Europa, Nederlân, de provinsje, de streek of it wenplak. Friezen fiele harren dúdlik gjin Nederlanners: de mearderheid fan de Friezen fielt him foaral Fries, net Nederlanner. Dat jildt ek foar de provinsjes Grinslân en Limburch. Yn de provinsjes Oerisel, Súd-Hollân en Noard-Hollân is it krekt oarsom: dêr is amper in provinsjale identiteit.

Beppe en Grutte Pier

Wat foar de measte Friezen sterke punten binne, binne foar guon oaren nammers typysk Fryske swakten. 14 persint fan ‘e Friezen skammet him wolris foar “Djipfriezen” dy’t harren net ferbrekke en in lytse minderheid fan ‘e ynwenners fan Fryslân neamt de Fryske nochterens as negatyf punt, om’t Friezen net hurd genôch mei feroarje soene mei de rest fan Nederlân. Sa klaget ien dielnimmer oer “onnozelen die blind vasthouden aan Zwarte Piet”.

Ut it ûndersyk die ek bliken dat Friezen harren famylje as tige wichtich beskôgje. Famyljeleden waarden faak neamd as “de grutste Fries”. Fan ‘e bekende histoaryske figueren waard Grutte Pier it measte neamd as wichtichste Fries fan alle tiden.

maart 11, 2019 21:59
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Nanne maart 16, 16:15

    Prachtich fansels dat jonge Friezen sa grutsk binne op it Frysk. Mar namste sneuer dat it Frysk dat se brûke allinkenoan mear op it Nederlânsk liket. Sa bliuwt der hieltyd minder oer om grutsk op te wêzen. It is dêrom de allerheechste tiid om dêr mei better ûnderwiis wat oan te dwaan. En mei taalhelpmiddels fansels. Dy binne der al lang. Ik hearde by Omrop Fryslân, doe’t se it oer dit ûndesyk hienen, dat jongelju wakker berjochten nei elkoar stjoere yn it Frysk, mar dan út need mar sûnder harren om de stavering te bekroadzjen. Lykwols is mei SwiftKey goed Frysk skriuwe hiel maklik: https://www.itnijs.frl/2016/08/mei-swiftkey-yn-frysk-twatalich-whatsappe/

  2. Eibert van der Veen maart 16, 19:20

    Ik bin it net mei Nanne iens, dat it klear is mei better ûnderwiis. Friezen soenen gjin nederlanders wêze, it is oarsom. Nederlanders binne friezen, mar skamje har dêr foar en brûke in taal dy’t net iens nederlânsk is en ferbyldzje har dat se dan wat mear binne as ús, dy’t de oarspronklike nederlânske taal besykje te behâlden.
    As der gjin diskriminaasje wêze soe, soenen op alle skoallen yn nederlân beide talen deselde rjochten hawwe en soenen yn it algemiene ferkear beide talen brûkt wurde kinne. De minne tastân fan it frysk komt troch ieuwen diskriminaasje. Diskriminaasje is yn dit lân by de wet ferbean. En dat wylst de steat him der elke dei oan skuldich makket. As wy net ynsjogge dat wy diskrimineard wurde, en dizze behanneling as ‘gewoan’ sjogge en der net tsjin stride, giet it frysk, de oarspronklike nederlânske taal ferlern, dat keare jo net nei in bytsje better ûnderwiis, dêr krije se dochs wer ûnheffjing fan.

  3. Gysbert J. maart 17, 00:03

    Van der Veen, sjoch myn útstel fan 11 foarjiersmoanne: rjochtsaken úteinsette tsjin de Steat!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.