Foarstelling Tryater yn Sealen Schaaf en stedskuier

maart 28, 2019 08:54 Fernijd

Grutleafste kelanten en echtgenoates!
In grutte nijs! Ik há in grutte nijs: allejimme is mei útnûeging ynvitearre, sadat ik ‘t allejimme yn it tagelike moment fertelle kin. Ik sil wachtsje oant elkenien der is. De doar is iepen!
Lange tuten, Yolande

Foto: Florian Cats/Tryater

Tryater spilet yn Sealen Schaaf: Trouwerijen en rjochtsaken, smoarge hoeren, ligers, minne heiten en memmen, ûnnoazele bern ensafuorthinne en it hâldt mar net op. Nei fjirtich jier komt Tryater werom nei it âldste poadium fan Ljouwert (222 jier!). It karakteristike Sealen Schaaf is fan 26 maart oant en mei 20 april omtsjoend ta âlde feestseal De Rialto: it plak dêr’t in soad minsken ea oer de skreef giene.

Op 30 maart en 5 april is der, foarôfgeand oan de foarstelling, in rûnlieding yn Zalen Schaaf en in stedskuier troch A Guide to Leeuwarden. De rûnlieding en stedskuier binne fergees te boeken yn kombinaasje mei in kaart foar de foarstelling.

Trouwerijen en rjochtsaken, smoarge hoeren, ligers, minne heiten en memmen, ûnnoazele bern ensafuorthinne en it hâldt mar net op 
Prostituee Yolande (Aly Bruinsma) nûget jo út; se hat grut nijs. Nijs dêr’t har soan Thierry (Robin Bodde) perfoarst net op sit te wachtsjen. Freon en âld-dokter Max (Joop Wittermans) wrakselet nei in grinsleas libben mei syn sûnens en freget him fernuvere ôf wêr’t er Yolande har freondinne, Estelle (Anna Raadsveld), dochs fan ken? Flugge jonge Winnetoe (Rik Witteveen) siket tusken syn aventoeren troch nei syn rol yn Yolande har libben: ûnderhâldt hy har of sy him? Is hy har poaier, freon of út need ûntstiene peetheit fan Thierry? En hoe hurd oft Sacha (Eelco Venema) ûnderwilens ek syn bêst docht: hy krijt altyd fan alles de skuld.

Sjoch op www.tryater.frl foar mear ynformaasje oer de foarstelling en de stedskuier.

maart 28, 2019 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.