FNP: doarpsmûnen op see

maart 10, 2019 12:58

Ynstjoering fan Johannes Kramer, listlûker FNP

Yn de oanrin nei de Steateferkiezingen wolle hast alle partijen nije wynmûnen op lân tastean. De FNP net.

Ferduorsumje moatte en wolle we allegearre. It klimaat ferget dat we nije en fierdergeande maatregels nimme om ús gea, bioferskaat en wenomkriten behâlde te kinnen. Boppedat moatte we ek nochris fan it gas ôf.

Wynmûnen kinne fansels helpe. En sterker noch, doarpsmûnen jouwe in direkte, lokale en earlike boost oan de needsaaklike enerzjytransysje. Mar Fryslân mei gjin twadde Flevolân wurde. Meitsje fan ús lânskip gjin enerzjyfabryk! De rêst en de romte fan ús provinsje binne in pree. In hiel soad minsken wurdearje en koesterje dat. It is de wichtichste romtlike kwaliteit dy’t we hjir noch hawwe. Boppedat krije in protte minsken fysyk en mentaal lêst fan de tûzenen draaiende wjukken oan de hoarizon.

Alle transysjes hawwe harren útfallen. It doel hilliget gauris de middels. By de omskeakeling fan koalen nei gas wie elkenien yn it begjin bliid. Folle letter die bliken dat de gaswinning foar in gigantysk probleem soarge yn Grinslân. Dêrom moatte we no ek net yn sân hasten yn ien slach ús hiele wrydske lânskip fergrieme.

Mar wat dogge we dan wol? Hjir en dêr kin fansels bêst in doarpsmûne sûnder dat it ynienen op Flevolân begjint te lykjen. Mar as ien doarp in (hegere) mûne hawwe mei, dan hawwe oare doarpen dêr ek rjocht op. Troch sa’n presedintwurking driget Fryslân wol in twadde Flevolân te wurden.

© Yllústraasje: FNP

De FNP kiest dêrom foar nije doarpsmûnen op see: in wynpark mei mûnen dêr’t doarpen yn dielnimme kinne. Mei de opbringst kin it doarp moaie dingen dwaan. Troch mûnen te klusterjen wurdt der op ûnderhâlds- en ferfangingskosten besparre. En troch in mienskiplik park te bouwen is der ek in fikse subsydzje út de lanlike SDE-pot mooglik. Soks soe de mearkosten fan bouwen op see kompensearje kinne. It soe dan foar it earst wêze dat ynwenners fan dy subsydzje profitearje, want oant no ta profitearret inkeld it bedriuwslibben derfan.

De Provinsje moat it foartou nimme en it mooglik meitsje. Faaks kin sa’n park yn ’e mande mei Grinslân en Drinte útfierd wurde. Us susterpartij Groninger Belang stipet it idee al. Sa kinne alle doarpen profitearje fan subsydzjes en wurde boargers holpen by de enerzjytransysje. En, faaks noch it alderwichtichst, ús lânskip, ús ‘Griene Goud’, wurdt net fierder fergriemd.

maart 10, 2019 12:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.