Fluchdamjen Lollum, 15 maart 2019

maart 19, 2019 14:23

Taeke Kooistra (r) kriget de priis fan Liuwe Westra. Foto: DFS / Dicky van der Meer

Nei in oantal jierren yn Hartwert, waard it kampioenskip fluchdamjen dit jier holden yn doarpshûs De Nije Haven yn Lollum. It tal dielnimmers foel net ta. De winner fan de ôfrûne jierren, Foeke Tiemensma, wie der net om syn titel te ferdigenjen. Marten Walinga, de nûmer twa fan 2018, wie fanwegen wurk ek net oanwêzich.

Lokkich wiene der al trije oerhoekse dammers: Jan van Dijk (Oerterp), Auke Zijlstra (Utert) en Frederik Bos (Grins). Dy mannen diene yn febrewaris ek mei oan it Fryslân Open yn Frentsjer en hiene doe al sjen litten yn it Frysk Damjen ek yn de top mei dwaan te kinnen.

Foar de ferdieling fan de prizen (dit jier ek wer drge woarsten) hie it bestjoer de dammers yndield yn trije groepen: groep A: dammers út de trije achttallen; groep B: dammers út de haadklasse en de oerhoekse dammers en groep C de dammers út de 1e, 2e en 3e klasse.

Kampioen waard Taeke Kooistra; hy wûn seis partijen en spile yn de lêste rûnte kamp tsjin Folkert Groenveld. In hiel sterke en ferrassende nûmer twa waard Jan van Dijk. Hy ferlear alline fan Taeke en spile kamp tsjin Willem Schaap.

Understeand de folsleine útslach.
1. Taeke Kooistra, 6,5 pnt (A1)
2. Jan van Dijk, 5,5 (B1)
3. Jelle Wiersma, 5 (A2)
4. Bernard Kroon, 5 (B2)
5. Folkert Groenveld, 5 (A3)
6. Fedde Wiersma, 4 (A4)
7. Auke Zijlstra, 4 (B3)
8. Sjoerd Kooistra, 4 (B4)
9. Dicky van der Meer, 4 (A5)
10. Bauke Bos, 4 (C1)
11. Willem Schaap, 3,5 (A6)
12. Frederik Bos, 3,5 (B5)
13. Liuwe Westra, 3 (A7)
14. Jappie de Jong, 3 (C2)
15. Klaas Wiersma, 3 (B6)
16. Frans Kingma, 3 (B7)
17. Piet Sikma, 3 (C3)
18. Jeljer Westra, 3 (C4)
19. Leo Altena, 2 (C5)
20. Paul Borghaerts, 2 (C6)
21. Siebren Dijk, 1 (A8)
22. Murk Nijdam, 0 (C7)

 

maart 19, 2019 14:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.