Finale WK FRYSK! yn Frjentsjer

maart 4, 2019 08:50

Oan it begjin fan it toernoai om it Wraldkampioenskip FRYSK! op snein 3 maart joech de ferklearring fan Petra Duskova dat se net meispile earst wat opskuor. Neffens eigen sizzen fielde se har net sterk genoch om yn sa’n goed beset fjild goed mei te dwaan. Sadwaande koe Alexander Shvartsman, de earste reserve, har plak ynnimme.

Foto: WFD/Marten Walinga

Nei fjouwer omlopen, healwei it toernoai, stiene Alexander Georgiev en Foeke Tiemensma tegearre boppenoan mei elk 3,5 punt. Marten Walinga kaam der fuort efter mei 3 punten. Yn de fyfde omloop moasten de twa koprinners tsjininoar, mar Georgiev ferseach him, dat Tiemensma kaam oan ’e lieding.

Yn ‘e sechsde omloop wûn Tiemensma fan Walinga, dat hy hold mei 5,5 punt syn foarsprong. Op 4,5 punt stiene Kooistra en Georgiev, en wer in punt leger Wijbenga en Jansen. Yn ‘e leste omloop fersinde Tiemensma him net mear en slagge it him sels om fan Jansen te winnen, dat hy koe folslein fertsjinne syn wraldtitel in jier ferlingje.

Foto: WFD/Marten Walinga

Einstân
1 Tiemensma 6,5 punten
2 Kooistra 5,5
3 Georgiev 5
4-8 Wijbenga, Walinga, Zijlstra, Wiersma, Domchev 4
9-10 Cantatore, Jansen 3,5
11-13 Bos, Shvartsman, Ndjofang 2,5
14-16 Faleo, Ndiaye, Van der Meer 1,5

maart 4, 2019 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.