Filmhûs Kollum set heldinne yn de haadrol op freed 8 maart

maart 6, 2019 08:30 Fernijd

Spesjale foarsteling op Ynternasjonale Frouljusdei 8 maart

Om’t it freed 8 maart Ynternasjonale Frouljusdei is sil Filmhûs Kollum in prachtige film fertoane mei diskear in ynternasjonaal ferneamd persoan yn de haadrol. In heldinne dy’t tsjin de stream yn kaam is dêr’t se no is. In hearlike muzikale film. Der binne twa foarstellings om 19.00 en 21.00 oere. It filmhûs is oan de Oostenburgstrjitte 2 yn Kollum. Foar de foarstelling fan 19.00 oere binne noch kaarten, mar foar 21.00 oere rint it al goed fol. Fansels binne ek manlju fan herte wolkom.

Foto: morguefile.com

Reservearje is ferstannich. Dat kin op 0511- 452283 (dei en nacht). Nijsgjirrich wurden? Sjoch op de webside: www.filmhuiskollum.nl.

De folsleine opbringst fan de jûn giet lykas wenst nei in goed doel. Diskear nei de heldinnen fan de stifting Mount Meru yn Tanzania. Sjoch ek op www.stichtingmountmeru.nl. De stifting Mount Meru hat as primêr doel kennis en kunde yn de ferloskunde en echografy oer te dragen oan lokale dokters en ferloskundigen en set him op dy manier yn foar it ferbetterjen fan de memme- en bernesoarch yn Tanzania. De opliedings wurde betelle út aktiviteiten fan de stifting, troch it jaan fan lêzingen, mar ek troch de ferkeap fan orizjinele Afrikaanske hierbannen. Dy binne op 8 maart te keap yn it filmhûs yn Kollum.

maart 6, 2019 08:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.