Fertochte fan oanslach Utert oppakt

maart 18, 2019 23:21

De plysje hat de 37-jierrige Turk Gökmen Tanis oppakt. De man wurdt fertocht fan de oanslach yn Utert fan moandeitemoarn. De plysje hat de hiele middei om him socht. Hy waard fûn yn in hûs yn Utert.

Tanis is de wierskynlike dieder fan in sjitterij yn in tram yn de wyk Kanaleneiland. Dêr kamen trije minsken by om it libben, wylst fiif oaren mei ferwûnings yn it sikehûs bedarre binne.

Tanis komt út Turkije, mar wennet al jierren yn Nederlân. De man is in bekende fan ‘e plysje, dy’t foar ûnderskate misdieden foar de rjochter stien hat. Hy moast meikoarten foarkomme op beskuldiging fan ferkrêfting. De man is yn guon rûnten ek bekend, mei’t er yn 2011 in ferslachjouster fan GSTV foar de kamera misledige, om’t hja in bleate ûnderrêch hie.

It drigingsnivo fan terrorisme wie fan ‘e middei ferhege ta it maksimum fan fiif, mar no is it werombrocht nei fjouwer. Dat is noch hieltiten heech.

maart 18, 2019 23:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.