Fernielderij yn Dokkum

maart 18, 2019 14:02

Foto: morguefile.com

Fandalen hawwe yn de nacht fan sneon op snein foar in soad skea soarge yn Dokkum. Ferskate auto’s en in bushokje waarden fernield. By in auto dy’t oan de K. van Dijkstrjitte stie, waarden alle ruten ynslein. Fan it bushokje by de Waadwente waarden twa fan de trije ruten fernield.

Yn de Jantjesseepolder waarden by mear as ien auto de spegels fernield. In auto yn de Pinksterblomstrjitte waard begriemd. Oan it Peerdepaadsje by de Dokkumer Ie waard it rêdingsmateriaal foar minsken dy’t yn it wetter reitsje yn it wetter smiten.

Boarne: Omrop Fryslân

maart 18, 2019 14:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.