Feie Fonyk: Paradys

maart 7, 2019 19:20

Kollum

Alle kearen as ik op it treinstasjon fan Ljouwert bin sjoch ik der nei. Ik bedoel it blauwe tegeltableau mei de tekst: “De minsken wolle ornaris wêze hwer’t se net binne”. De Nederlandse Maatschappij voor nijverheid en handel department Leeuwarden en omstreken hat it oanbean op 18 maaie 1952 “ter gelegenheid van de electricificatie van Leeuwarden – Zwolle”. Op it ynternet is de Ingelske oersetting fan de tekst te finen mei kommentaar fan guon. Wapke Veenstra hat sels in boek skreaun mei deselde titel.

Ik fyn it in moaie tekst. It seit in soad oer ús, it sûchdier minske. Wy binne withoe lang lyn út Afrika wei nei it noarden rûn, oerstutsen nei Amearika en sels yn Australië telâne kommen. Minsken dreame graach oer in nij en oar bestean. Meastal bliuwt it derby. Mar guon koene it net litte en sa teagen nei de Twadde Wrâldoarloch tûzenen Friezen nei Amearika, Súd-Amearika, Kanada en Nij-Seelân. Yn It wrede Paradys fertelt Hielke Speerstra oer de aventoeren fan dy moedige lânferhuzers, minsken dy’t besochten om der ûnder nije en swiere omstannichheden wat fan te meitsjen.

De measten sille har gjin yllúzjes makke hawwe dat der in soartemint fan heilsteat te wachtsjen stie. Dat wie oars mei de lju dy’t leauden yn it Dútske, Italiaanske faksisme of it East-Europeeske kommunisme. Sels mei geweld koe dat net oerein bliuwe. Pas dus op mei minsken dy’t jo in paradys op ierde foarspegelje.

Wa soe ivich libje wolle, ik net.

No hawwe wy dy Yago R. út Arnhim, dy’t yn 2014 ôfreizge is nei Syrië om dêr mei geweld in nije Islamityske steat op te bouwen, in Islamitysk Paradys. Elkenien wit hoe’t dat gien is. Dy Yago is gjin Koene van Houten, dy’t yn de fyftiger jierren mei syn Loltsje nei Argentinië teach om dêr in nij bestean op te bouwen (side 143 fan It Wrede Paradys; it is yn de fierte famylje, sa kom ik derop).

Wy hawwe mei dy Yago te krijen, mei ien dy’t diel útmakke hat fan in misdiedigersorganisaasje. Hy troude in pear jier lyn in Britske frou, dy’t doe 15 jier âld wie en no hawwe se in bern en se wolle nei Nederlân. It is spitich dat se net deasketten binne. Dat hiene se fertsjinne. No sitte wy dermei, want Yago is net de iennige dy’t mei syn frou en bern werom wol.

Ik freegje my ôf wat sokke healwizen foar eagen hiene doe’t se ôfreizgen. In heilsteat op ierde bestiet net en sil nea bestean. Dat jildt ek foar it Paradys en as it al bestiet, dan hoopje ik net dat ik der nei myn dea telâne kom om ivich te libjen. Dat liket my wier ferskriklik…

maart 7, 2019 19:20
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Adam maart 7, 21:45

    It nije paradys wurdt al makke: de heilsteat Duurzamistan. Earst moat de duvel CO2 noch ferslein wurde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.