Feie Fonyk: God moat it net foar it sizzen hawwe!

maart 21, 2019 10:39 Fernijd

Neffens de Nationaal Coördinator Terrorismebestrijding en Veiligheid (NCTV) besiket in tal meiwurkers fan it islamityske Cornelius Haga Lyceum yn Amsterdam de learlingen yn ’e kunde te bringen mei it salafisme. Dat is in fundamentalistyske streaming yn de islam. De iennige autoriteiten binne de Koran en oare geskriften mei útspraken dy’t dien binne yn de tiid dat Mohammed libbe. Der falt in soad oer te sizzen, mar it grutste probleem is dat salafisten de oertsjûging hawwe dat jo Allah, Mohammed en de Koran op it foarste plak sette moatte en net it sûne ferstân of de grûnwet fan in lân. It salafisme is fan 1980 ôf in streaming by in lyts part fan de moslimmienskip yn Nederlân.

Yn desimber 2006 wie ik in pear dagen yn Sèvres, in foarstêd oan de súdwestkant fan Paris. Der waard in kongres holden foar dielnimmers út hiel Europa oer hûndert jier laïcité. Op 6 desimber 1906 naam it Frânske regear it beslút dat der in skieding komme moast tusken tsjerke en steat. Alle skoallen waarden iepenbier, mar net allinne de skoallen, ek de gemeentehuzen en alles wat mei de oerheid te krijen hat. It betsjut yn it hjoeddeiske Frankryk dat it ferbean is om op skoalle in holledoek te dragen, dat der gjin krúsbyld yn it lokaal hinget en dat oan wurkers op it gemeentehûs net te sjen is wat se leauwe, dus gjin krúske om ’e nekke, gjin holledoek of tulbân, of wat minsken fierder mar betinke kinne om harrensels religieus op te tugen.

Ik koe it net litte om in fraach oer dat healwize

en gefaarlike ferhaal fan Abraham te stellen.

It wie in tige nijsgjirrich kongres fan in pear dagen. Ik wie der as iennige Nederlanner. Se hiene in pryster, in dominy en in imam útnûge om harren ferhaal te dwaan. No hawwe it kristendom en de islam foar in part deselde woartels. Se kenne beide bygelyks de ferhalen fan Abraham. De trije manlju (! wêrom eins gjin froulju, soks jout al te tinken) wiene it wakker iens oer harren woartels oangeande Abraham. Dyselde Abraham wurdt yn de Koran en yn Genesis 22 fan ús Bibel troch God frege om syn eigen soan te offeren. “Hy (God) sei (tsjin Abraham): “Nim dyn soan mei, dyn iennichste, dy’tsto leafhast, Izaäk, en gean nei de kontreien fan Moria. Dêr moatst him as in brânoffer bringe op ien fan de bergen, dy’t ik dy sizze sil.” En dan giet Abraham mei syn soan derop út. Op it alderlêste momint, as Abraham it mes al yn ’e hân hat om syn soan dea te meitsjen, grypt God yn. Der sit in raam mei de hoarnen yn ‘e strûken fêst en dan wurdt de raam slachte yn stee fan de soan. Dêr wie dy raam moai klear mei. It ferhaal wurdt presintearre as wier bard en it is neffens it ferhaal de bedoeling fan God om te sjen hoefolle oft Abraham fan God hâldt en dat er wat God seit wichtiger fynt as syn eigen gefoel of ferstân.

Ik koe it net litte om in fraach oer dat healwize en gefaarlike ferhaal fan Abraham te stellen. Ik haw sein dat as Abraham nó libbe, hy grif yn it gekkehûs telâne kommen wie. Der kaam fan de trije gelearden gjin inkelde reaksje. Wiene se benaud om harren oan kâld wetter te brannen of spile der mear? Wiene dy pryster, dominy en imam eins ek fan betinken dat jo God mear ûnderwurpen wêze moatte as de minsken? As dat sa is, dan hawwe wy wol in grut probleem.

Lit my it by Nederlân hâlde. Yn de ôfrûne iuwen hiene de measten hjir it gefoel dat wy ús liede litten moasten troch it wurd fan God, troch de Bibel en de Tsien Wurden. No it is by ús en yn Frankryk en tal fan oare lannen yn Europa sa dat de wet boppe alles giet, en sa heart it ek.

Skoallen dy’t de bern leare dat God, Allah, de Bibel, de Koran, Mohammed, it Boek fan Mormon of de lear fan Rudolf Steiner boppe alles giet, moatte fuort en daliks sletten wurde. Op skoalle giet it om de bewiisbere werklikheid. Hoe no fierder mei it Gomarus College in Ljouwert, it Rudolf Steiner College yn Rotterdam of it Cornelis Haga College yn Amsterdam? Myn kollum hat no al 710 wurden, Dus dêroer de oare kear.

It skilderij Het offer van Abraham fan Pieter Lastman 1615, hinget yn it Ryksmuseum.

 

maart 21, 2019 10:39 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.