Fairtrade wint terrein yn Fryslân

maart 14, 2019 12:01

Omtrint tachtich persint fan alle Friezen, mear as 500.000 minsken, wennet yn in Fairtradegemeente. Tolve fan de achttjin gemeenten fiere it Fairtradesertifikaat. Dat docht bliken út in rapport fan Stichting Fairtrade Gemeente Nederland. Fryslân mei him op basis fan dat rapport wer twa jier lang Fairtradeprovinsje neame. It bestjoer fan de stifting priizget benammen de ynset fan it provinsjaal kearnteam dat Fairtrade yn Fryslân befoarderet.

Njonken de tolve Fairtradegemeenten binne der trije gemeenten dy’t dwaande binne om oan de kritearia te foldwaan. Sy moatte bygelyks Fairtrade stimulearje, sels Fairtrade dwaande wêze en harren ynset dêrfoar útdrage. De stifting fynt dat de provinsje dat goed docht. De provinsje stipet it kearnteam, servearret sels Fairtradeprodukten yn it provinsjehûs en bringt syn belied ûnder de oandacht fan ynwenners en media.
Deputearre Michiel Schrier is grutsk mei de ferlinging fan de titel: “Fairtrade soarget derfoar dat minsken har bewust wurde fan wat se keapje. Miljeubewust hannelje mei omtinken foar omstannichheden dêr’t produkten yn makke en ferfierd wurde is belangryk foar de toekomst fan ús bern. Mei-inoar de wrâld in stikje better meitsje, dêr giet it om.”

De provinsje wol him no ynsette foar de global goals, ek wol Sustainable Development Goals (SDG’s) neamd; in rige doelen rjochte op bestriding fan earmoede, ûngelikensens en klimaatferoaring. Dat docht de provinsje mei in grut tal maatskiplike organisaasjes. Dy foarmje it SDG Netwurk Fryslân.

maart 14, 2019 12:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.