Eric Hoekstra: út ‘Roman fan it hielmaster’ (60)

maart 30, 2019 07:22

Baas en boekhâlder witte wat linigens is

Eugene Burnand, De ûnearlike boekhâlder

De learlingen bekritisearje inoar hieltyd en nimme inoar de maat. Wylst de geboaden mar de helte fan it ferhaal binne. Dêrom kom ik mei in teltsje.

In ryk man hie in boekhâlder. Dy waard derfan beskuldige dat er it besit fan syn baas foar himsels brûkte. De baas sei:
“Hannelje de rinnende saken ôf. Dêrnei silst net langer myn boekhâlder wêze.”
De boekhâlder sei tsjin himsels:
“Wat no? Oar wurk kin ik net en biddelje wol ik net. Ik moat sjen dat ik freonen en relaasjes krij dy’t my wol in goede tsjinst bewize wolle.”
En hy liet elkenien komme dy’t in skuld hie by syn baas. Hy sei tsjin de earste:
“Hoefolle bisto myn baas skuldich?”
“Hûndert sulverstikken”, antwurde dy.
“No”, sei de boekhâlder, “dêr meitsje wy fyftich fan.”
En hy ferskuorde âlde skuldpapierren en stelde nijen op, mei dêrop in folle lytsere skuld. Dat die er mei alleman dy’t syn baas jild skuldich wie.
Doe’t syn baas dat útfûn, priizge hy syn boekhâlder om syn handichheid. Want de bern fan dizze wrâld geane folle liniger mei-inoar om as de bern fan it ljocht, dy’t bytiden stikelstekkers en wiispraters binne. Meitsje dêrom freonen mei de genedige help fan it ûnrjochtfeardige jild.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.
maart 30, 2019 07:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.