Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster'(56)

maart 2, 2019 07:05 Fernijd

Haadstik 8 De meiminske en it keninkryk

Memento mori – betink datst stjerre silst

ôfb.: parabelproject.nl

In ryk man hie safolle jild fertsjinne dat er fan gekkichheid net wist wat er dermei oan moast. Hy naam dêrom it beslút en bou in bank mei in klûs, dat er syn jild feilich bewarje koe en noch mear jild fertsjinje koe troch bankierke te spyljen.
“Moarn sil ik noch riker wêze”, sei er tsjin himsels, “en ik sil noch jierren yn wissichheid en wielde libje kinne.”
Mar God sei tsjin him:
“Rike man, dwaze man. Dizze nacht noch silst yn ’e sliep ferstjerre. Foar wa sil al dyn besit wêze? Wat litsto no dyn meiminsken nei?”
Sa giet it ast skatten ynklaust foar dyn eigen gewin, ast net ryk bist yn God.

As de kat fan hûs is, dûnsje de mûzen. Mar o wee, as de kat ûnferwachts weromkomt, fangt er in protte frettende mûzen. De kantoarman dy’t sliept as de baas der net is, wurdt ûntslein as er wekker wurdt. Krekt ast it net ferwachtest, komt de Hear fan it hûs thús en do meist hoopje dat er alles yn oarder befynt.

In man hat in druvestrûk, in wynstôk, mar der groeie gjin druven oan. Hy seit tsjin syn buorman:
“Der sitte alwer gjin druven oan. Ik tink dat ik him mar better útlûke kin, want hy nimt inkeld mar grûn yn beslach dy’t ik better foar oare strûken brûke kin.”
“Och”, seit syn buorman, “jou him noch in kâns en lit him noch in jier stean. Jou him noch ien kear wat ekstra dong. As er it oare jier noch neat jout, hast wol alles dien watst dwaan koest. Dan kinst him altyd noch útlûke en op ’e rûchskerne smite.”

Gean by dysels nei watst yn dyn libben dien hast en freegje dysels ôf oft it de muoite wurdich is om dêrnei dea te gean. Of hiest God better tsjinje kinnen? Hiest dyn eigen gewisse better kultivearje kinnen? Hast dyn meiminske leaf hân as dysels? Meitsje dy einôfrekken oer dyn libben.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
maart 2, 2019 07:05 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.