Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (59)
Resint ferskynd
In skiep kwyt wêze, in soan kwyt wêze

Rembrandt van Rijn, De ferlerne soan komt wer thús
Tsjinstanners sizze:
“Sitst oan tafel mei huorren, junks en smjunten.”
Ik antwurdzje:
Stel, hast hûndert skiep en bist ien kwyt. Wat dochst dan? Giest op ’e syk nei it skiep datst kwyt bist. En ast it fynst, bist sa bliid as in bern en nimst it mei werom nei de oare skiep en fertelst it oan freonen en famylje. Allyksa is der mear blydskip yn ’e himel oer ien dy’t him bekeart ta it goede as oer de njoggenennjoggentich dy’t gjin bekearing fanneden binne.
Sa is it ek ast in soan kwyt bist. Der wie ris in jongste soan en dy frege fan heit en mem syn erfdiel op en jage it dertroch mei wyntsje en tryntsje. Op it lêst stie er mei de hannen yn ’e jiskebakken en sels dêr waard er noch fuortjage. Doe kaam er ta himsels en gie werom nei it âlderlik hûs ta en sei tsjin syn heit:
“Heit, ik ha ferkeard dien tsjin God en tsjin heit. Ik bin it net wurdich om heit syn soan te wêzen.”
Mar syn heit sloech de earms om him hinne, sa bliid wie er, en hy joech in grut feest omdat de soan dy’t er kwyt wie, weromkommen wie. De âldste soan fûn dat net earlik en sei tsjin syn heit:
“Ik ha altyd dien wat heit sei en ik krige gjin inkeld wurd fan wurdearring fan heit en no komt dy slampamper thús en heit jout in feest.”
“Och jonge”, sei de heit, “do bist altyd by my en wat mines is, is dines. Mar it jout foech dat wy fleurich binne en feestfiere, want dyn broer wie dea en is wer libben wurden. Wy wiene him kwyt en hy is terjochte kommen.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje