Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (57)

maart 9, 2019 08:09

Prioriteiten, dyn skatten yn ’e himel

foto: cloudfront.net

Do witst dit. As de sudewyn waait, wurdt it waarm. As in fochtkrâns om ’e moanne hinget, komt der delslach. As de oandielen sakje, komt der opskuor en earmoed. Sa witst doch ek hoe’t it derfoar stiet mei dysels? Wat betsjut it ast te folle ytst of drinkst, ast altyd mar spul krigest, ast neat joust of net gastfrij bist?

It libben is mear as sân hasten en wurkje en ite en drinke. Lit dy ynspirearje troch de natuer. Sjoch nei de fleanende krie. Oeral fynt er wat fan syn gading. Sjoch nei de blommen yn it fjild. God jout se te iten út ’e ierde en te drinken út ’e himel. En aansen hingje se slop en binne se kompost foar de blommen fan it oankommend jier. Mar do, do bist safolle mear as blommen en fûgels. Us Heit wit datsto iten, drinken en wurk fanneden bist. Sykje earst syn keninkryk en Hy sil dy bystean en helpe om te finen watsto sikest.

Ik sjoch hoe’t de learlingen foaroan op ’e bêste plakken sitte wolle en sis:
Ast op in brulloft útnoege bist, gean dan op it lêste plak sitten. Miskien sil de breugeman sizze: “Freon, kom tichterby sitten.” Dat sil in ear foar dy wêze. Oarsom soe it pynlik wêze. Wa’t himsels ferheget, sil fernedere wurde en wa’t himsels fernederet, sil ferhege wurde.

Wa’t gebrûk makket fan ’e jeften en talinten dy’t er fan God krige hat, docht net mear as syn plicht, sa’t in tsjinstfeint syn wurk docht. En wa’t nei ear en gewisse syn wurk dien hat, sil fan in goede baas gjin straf of ferwiten krije. Sis tsjin dysels: ik bin mar in tsjinstfeint. Dêrmei dochst ôfstân fan fertsjinste en hoechst dyn gebrek oan resultaat net mear te freezjen, want do hast nei ear en gewisse wurke. Sa giest maklik ta it keninkryk yn.

Do fregest: Wêr is it keninkryk dan? It keninkryk is hjir en no yn dy. Se sille dy fertelle dat it oan beskate plakken of minsken bûn is, en de waan fan ’e dei wol dy misliede. Mar gean der net hinne en rin it net nei.

Lit de neden fan dyn meiminske foargean boppe dyn sân hasten en it genietsjen fan dyn besittingen. Jou tiid oan wa’t tiid nedich is, in harkjend ear oan wa’t lijt en jild oan wa’t gjin jild hat om te iten of te wenjen. Fan minske ta minske is it paad nei it keninkryk, en op dat paad sammelesto skatten yn it keninkryk. Dêr’t dyn skat is, sil ek dyn hert wêze.

Ast in feest joust, ferwachtsje dan net dat oaren dy op har feest freegje. Asto weijoust, easkje net datst weromkrigest. Wês gjin skuldeasker. Dêrom is it noflik en jou oan de besitleazen. Praat der net oer, doch goed yn stilte, ferwachtsje gjin lof of tankberens. Sa sammelesto skatten yn ’e himel.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
maart 9, 2019 08:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.