Eric Hoekstra: út ‘Deiboek fan in hielmaster’ (58)

maart 16, 2019 08:00

Net myn skiep

foto: https://goedgelovig.files.wordpress.com

Myn tsjinstanners sykje my op en freegje:
“Hoe lang fiere Jo de spanning noch op? As Jo de Soan fan God binne, sis it dan planút.”
Ik antwurdzje har:
“Ik haw it al sein en jim leauwe my net. En de wurken dy’t ik doch út namme fan myn Heit tsjûgje fan my en jim leauwe my net. Want jim binne gjin skiep fan my. Myn skiep hearre nei wat ik sis en ik ken har en se folgje my en ik jou har de ivichheid en de ûneinichheid. Gjinien sil se út myn hân weinimme, want myn Heit en ik binne ien en gjinien kin weinimme út ’e hân fan God.”
Dan wolle se my mei stiennen deasmite en ik sis:
“Jim hawwe sjoen dat ik in protte goede dieden dien haw. Fanwegen hokker goede die wolle jim my deameitsje?”
Se sizze:
“Net om in goede die wolle wy Jo stiennigje, mar om jo godslastering. Jo, in minske, meitsje Josels gelyk oan God.”
Ik antwurdzje:
“Yn psalm twaentachtich stiet skreaun: ‘Jim binne goaden, bern fan ’e Alderheechste, allegearre. Nettsjinsteande sille jim deagean as minsken.’ Wêrom sizze jim dan dat ik strafber bin as ik sis: ‘ik bin Gods Soan?’ As jim net leauwe wolle op grûn fan wat ik sis, leau dan op grûn fan wat ik doch.”
Dan wurde se poerrazend, mar se kinne my net yn hannen krije.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
maart 16, 2019 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.