Elmar Kuiper eksposearret yn Dental Clinics Gallery yn Ljouwert

maart 22, 2019 09:49

Op freed 22 maart wurdt by Dental Clinics oan de Eastergrêftswâl yn Ljouwert de earste útstalling iepene. De muorren fan de hal en de wachtkeamer fan de toskedokterspraktyk toane it wurk fan byldzjend keunstner en dichter Elmar Kuiper.

Wurk fan Elmar Kuiper

Foar de kliïnten in moai rêstpunt by it wachtsjen, foar de praktyk in bydrage oan in goede, libbene sfear. Boppedat is it moai meinaam dat elkenien, sawol de kliïnten as de meiwurkers fan de omfangrike praktyk, op dy manier better yn ’e kunde komme mei it wurk fan in keunstner.

Elmar Kuiper toant by Dental Clinics resinte skilderijen, tekeningen en grafyk. Hy hat in werkenbere eigen styl, dy’t fitaal is, sensibel en sêft. Hy groeide op yn it Marsumer Aldlân. Nei syn stúdzje oan de Akademy Minerva yn Grins eksposearre er op ferskate plakken, ûnder oare yn it Frysk Museum, dat wurk fan him oankocht.

Elkenien is om 17 oere fan herte wolkom om it wurk fan Elmar Kuiper te besjen ûnder it geniet fan in hapke en in drankje. Dichters fan it dichterskollektyf Rixt drage in pear gedichten foar en der is live-muzyk. Yn de kommende moannen is de útstalling te besichtigjen yn de iepeningstiden fan de praktyk.

maart 22, 2019 09:49
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. J van der Bij maart 22, 19:41

    Dental Clinics, dêr wolle jo dochs de mûle net foar iepen dwaan?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.