Eastersk-ortodoks koar sjongt yn Fryslân

maart 27, 2019 10:10

Op Palmsnein, 14 april, sil op twa plakken yn Fryslân East-Europeeske muzyk te hearren wêze. Dy dei sjongt it Hoorns Byzantijns Mannenkoor de moarns yn de Sint-Bonifasiustsjerke yn Ljouwert en de middeis yn de Broeretsjerke yn Boalsert.

Hoorns Byzantijns Mannenkoor û.l.f. Grigori Sarolea

Yn Ljouwert wurket it koar mei oan de earetsjinst fan 11.00 oere yn de Sint-Bonifasiustsjerke oan de Foarstreek. Peaske is it hichtepunt fan it tsjerklik jier, benammen yn de Earstersk-Ortodokse Tsjerke. Dat bringt mei dat troch de iuwen hinne in grutte skat fan lieten ûnstien is om dat feest en de tarieding dêrta te fieren. Dat giet fan iuwenâlde ienstimmige sangen en 17de-iuwske trijestimmichheid troch oant romatyske fjouwerstimmichheid út de 20ste iuw.

It koar fan tritich manlju mei djippe bassen en heldere tenoaren dat ûnder lieding stiet fan Grigori Sarolea, beoefenet dy muzyk al tritich jier en is dêr dan ek hiel betûft yn.

De Broeretsjerke yn Boalsert hat nei syn restauraasje in prachtige akoestyk, mei’t dy net hindere wurdt troch gerdinen, banken en flierbedekking. Yn dat iuwenâlde gebou sille de lieten dy’t dêr songen wurde op in bysûndere wize ta har rjocht komme. De útfiering yn Boalsert is fan 14.45 oant 15.45 oere. De tagong is frij (kollekte by de útgong).

Mear ynformaasje op https://hoornsbyzantijnsmannenkoor.nl.

maart 27, 2019 10:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.