€ 5.000 foar oanskaf Fryske berne- en jeugdboeken

maart 11, 2019 09:11

Miranda Renkema, direkteur De Claercamp, wethâlder Max de Haan en learlingen (foto: Gemeente Achtkarspelen)

Yn it ramt fan it Frysk taalbelied hat de gemeente Achtkarspelen besletten om foar de oanskaf fan Fryske berne- en jeugdboeken € 5.000 beskikber te stellen foar it foarskoalsk, primêr en fuortset ûnderwiis.

De skoallen kinne foar € 200 Fryske boeken bestelle en de pjutteopfang foar € 100. Max de Haan, wethâlder Frysk: “Hjirmei wolle wy it (foar)lêzen fan Fryske boeken yn it ûnderwiis stimulearje, want meartaligens yn it ûnderwiis is wichtich.” De wethâlder hat de boeken oerlange oan basisskoalle De Claercamp út Gerkeskleaster, dy’t as earste de boeken besteld hat.

De pjutteopfang en de skoallen kinne de boeken bestelle by boekhannel The Read Shop yn Bûtenpost en boekhannel Bruna yn Surhústerfean.

maart 11, 2019 09:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma maart 11, 12:59

    In kreas idee en moai dat it kolleezje om de eigen winkels tinkt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.