€ 309.272 ophelle foar ûndersyk tsjin lymfeklierkanker

maart 19, 2019 11:13

Rekôrtal dielnimmers by lustrumedysje Hollandse 100 fan Bernhard van Oranje

De fyfde edysje fan De Hollandse 100 is ferriden. It evenemint dêr’t tsien kilometer by hurdriden en 90 kilometer by fytst wurdt om jild op te heljen foar ûndersyk tsjin lymfeklierkanker. Yn totaal is der € 309.272 ophelle en hawwe sa’n 530 dielnimmers har ynskreaun. Dêr binne de BN’ers yn meirekkene. De opbringst wurdt folslein ynset om ûndersyk nei lymfeklierkanker te finansierjen. De Hollandse 100 is in inisjatyf fan Lymph&Co, oprjochte troch Prins Bernhard van Oranje en waard dit jier yn Thialf op It Hearrenfean holden.

Foto: Lymph&Co/RARE

Mei-inoar fytse, reedride en jild ophelje foar ûndersyk. De Hollandse 100 sit fol trochsettingsfermogen en emoasje. Meidwaan is genôch. It ynskriuwjild én alle donaasjes komme folslein te’n goede oan de ûndersykspot foar fûneminteel ûndersyk. Mei in eigen aksjeside op De Hollandse 100-webside koene dielnimmers sels sponsors sykje om harren ynset nochris ekstra te beleanjen.

Mei-inoar de striid oangean
Neist it riden fan De Hollandse 100 of De heale Hollandse 100, koe der start wurde op de famylje-/groepsestafette en de Junioaren 10. Under de hûnderten dielnimmers stiene Prins Berhard en Prinsesse Anette mei harren húshâlding oan de start. Prinsesse Margriet ried ek mei en waard fan de kant ôf oanmoedige troch de hear Pieter van Vollenhoven. Ambassadeurs Simon Keizer en Monique des Bouvrie giene dit jier ek wer de striid oan. Foar it earst dizze edysje diene René en Maxim Froger mei. It evenemint waard presintearre troch Tim Douwsma tegearre mei Meriyem Manders.

Hûndert persint nei ûndersyk
De belofte fan Lymph&Co is dat 100% fan alle donaasjes brûkt wurdt om ûndersyk nei lymfeklierkanker te finansierjen. Mei troch it súkses fan eardere edysjes fan De Hollandse 100, dêr’t yn totaal hast 1,5 miljoen euro by ynsammele waard, hat Lymph&Co de ôfrûne moannen in nije ûndersyksaksje opset.

Marianne Boes (UMC Utert) giet op syk nei in faksin foar de behanneling fan lymfeklierkanker. Foar in oantal soarten kanker wurdt dy behanneling al test, mar foar lymfeklierkanker noch net. Boes sil mei har kollega’s op syk nei stikjes fan de tumorsellen dy’t net op sûne lymfekliersellen sitte. Dy stikjes kinne dan by de pasjint ynspuite wurde. Dêrtroch sil it ôfwarsysteem de tumor oanfalle en opromje. Foar it ûndersyk wurket de groep út it UMC Utert gear mei ûndersikers út it Prinses Máxima Centrum. Hja sykje nei faksins foar ferskate foarmen fan lymfeklierkanker by folwoeksenen en bern.

Donearje is noch hieltyd mooglik fia dehollandse100.nl!

maart 19, 2019 11:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.