Drintske plaknammen mei foarrang op buorden

maart 22, 2019 22:33

Troch Drents op Stee oerplakt plaknammeboerd (Nederlânsk: Westdorp)

De doarpen yn de Drintske gemeente Tynaarlo moatte fuortendaliks twatalige plaknammebuorden krije. Dat is it betinken fan de fraksje fan Grien Links yn de gemeente. De partij hat oankundige dat er nije wike tiisdei op in ludike manier pleitsje sil foar de nije buorden. De buordekwestje stiet dan op ‘e wurklist fan ‘e gemeenterie.

Grien Links reagearret op in brief fan aksjekomitee Drents op Stee. De anonime aksjegroep plakt al jierren ientalich Nederlânske buorden yn Drinte oer mei de Drintske namme en hat de gemeente no oproppen om offisjele twatalige buorden del te setten.

“De streektaal is onderdeel van onze identiteit”, seit Klaas Kuipers fan Grien Links. Hy wiist derop dat buorgemeente Noordenveld al twatalige buorden hat.

It Drintsk is diel fan it Nedersaksysk, in groep streektalen út East-Nederlân dy’t offisjeel erkend binne. Ferline jier hat it ministearje fan ynlânske saken de sprekkers fan it Nedersaksysk yn in spesjaal konvenant stipe foar harren streektaal tasein.

maart 22, 2019 22:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.