Domeinnamme .snits komt deroan

maart 24, 2019 10:35

Al in moai skoft is in webnamme mei de ekstinsje .frl mooglik, mar de ekstinsje .snits wie der noch net. Fan no ôf kinne Snitsers lykwols fia www.snitsdomein.nl ek in namme mei .snits reservearje. Dêrmei past Snits yn it rychje fan Londen, Berlyn, Amsterdam en mear stêden dy’t de wrâldwide ûntwikkeling folgje om harren bedriuwslibben dúdlik op ’e kaart te setten. As de plaknamme yn de domeinekstinsje stiet wurdt it sykproses yn Google makliker en dêrmei wurdt sa’n webstee gauwer fûn.

It Snitser domein komt yn april beskiber, is de ferwachting en kostet  € 50 it jier. It kin brûkt wurde foar besteande en foar nije websteeën. Fan no ôf kinne Snitser bedriuwen har ynskriuwe.

maart 24, 2019 10:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.