Henk Wolf: #Doeslief

maart 9, 2019 15:56

Foto: Sire

Troch Henk Wolf

Ik moat sizze, it duorre efkes ear’t ik begreep wat de nije gjalp #doeslief fan Sire krekt ynhold. Alderearst dat nuvere fjouwerkantsje dat altyd hekje hite, mar dat no rûnom hashtag neamd wurdt. Dat is wat fan Twitter, mar it is ek moade ûnder de jeugd om allegear gjalpen foarôfgean te litten troch it wurdsje hashtag.

Dan lykwols it stikje doeslief. Is dat poeslief, mar dan oars? Nee, ûntduts ik, it is ‘doe eens lief’, mar dan opskreaun sa’t it likernôch útsprutsen wurdt, sûnder spaasjes, want dy kinst nei sa’n Twitter-hashtag net brûke. Net o sa begryplik, mar hawar.

Sire wol mei de gjalp minsken oanfiterje om aardich te dwaan. Dêr is fansels neat op tsjin. Soe der ek mar in fraksje fan ‘e minsken om sizzen jaan, dan wie dat al moai.

Allinne: doeslief is ek op in oare manier te lêzen. Net foar Jan-met-de-pet en Sjutsje-mei-de-skelk, miskien, mar de fraach is oft dy de hippe hashtag-moade wol ûntsiferje kinne. Doe is nammentlik in dialektfoarm fan jij, sa’t it Dútsk en it Wâldfrysk dy ek ha (Du, ). Boppedat is it in (no wat ûngebrûklike) njonkenfoarm fan toe! as oanfiterjend wurd. En slief! is in wat âlderwetsk wurd foar ‘hâld dy stil!’, ‘swij!’. #Doeslief is dan ek te lêzen as ‘Toe, hou je kop!’ en dat is fansels net helendal wat Sire yn gedachten hie.

Foar wa’t mear witte wol:
-it lemma doe yn it Woordenboek der Nederlandse Taal
-it lemma slief yn it Woordenboek der Nederlandse Taal

maart 9, 2019 15:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.