Dit jier komt der in nije staveringshifker

maart 6, 2019 21:32

Foto: morguefile.com

Wa’t yn Word in Fryske tekst typt, kin dy no net op staveringsflaters neisjen litte. Dat moat oars, is it betinken fan de provinsje Fryslân.

De provinsje hat dêrom praat mei Microsoft, mei programmearbedriuw Connected Solutions en mei de Fryske Akademy. Dy trije organisaasjes sille de kommende moannen in staveringshifker foar it Frysk meitsje.

In foarriedige ferzje moat al foar de simmer ta it foldwaan fan ’e Fryske brûkers stean. Dêrnei wurdt in definitive ferzje makke mei in lytse trijehûnderttûzen Fryske wurden deryn.

De staveringshifker komt der ynearsten allinne foar kompjûters dy’t it bestjoeringssysteem Windows brûke. Wa’t in oar systeem hat, lykas Apple, sil ynearsten útwike moatte nei de staveringshifker op taalweb.frl.

maart 6, 2019 21:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.