Demonstraasje foar bettere lessen Frysk
Resint ferskynd

Foto: Omrop Fryslân
Yn Ljouwert wie sneon in keppel folk op ‘e lappen om bettere lessen Frysk te easkjen. Undersyk lit alle kearen weroan sjen dat bern op in soad skoallen net de gelegenheid krije om te learen wat hja neffens de wet leare moatte. De oarsaken binne ferskillend: de tiid dy’t oan it Frysk bestege wurdt is faak te beheind, mar ûnderwizers binne ek net altyd goed thús yn it Frysk.
De demonstraasje wie organisearre troch de aksjegroep Sis tsiis. Wurdfierder Piter Dykstra neamde it ‘taaldiskriminaasje’ dat safolle skoallen Nederlânsktalige bern wol de mooglikheid jouwe en lear harren memmetaal op in heech nivo, mar Frysktalige bern net. “It kin net sa wêze dat Friezen analfabeet binne yn eigen taal”, sei er.
By de demonstraasje op it Saailân wiene ek politisy. Dy wiene it fierhinne mei de demonstranten iens. De ferantwurdlike deputearre Sietske Poepjes sei dat de lessen Frysk yndie better kinne en moatte, en dat de provinsje dêr “al folop mei oan de gong” is. Oan de demonstraasje diene likernôch hûndert minsken mei.
De tekst fan de taspraak dy’t Piter Dykstra hâlden hat, is hjir te finen: link.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje