Deistich regioblok fan Omrop Fryslân op NPO 2

maart 26, 2019 09:26

Trije regionale omroppen, wêrûnder Omrop Fryslân, en de NPO begjinne op 1 april mei in proef mei in regioblok. Dêr is yn harren regio in 5 minuten duorjend regiosjoernaal yn te sjen op NPO 2. Nei it NOS-sjoernaal fan 18.00 oere sil yn Fryslân ‘Kijk op Fryslân’ te sjen wêze. In programma mei regionaal nijs út Fryslân makke troch Omrop Fryslân. Dêrmei is in koart oersjoch fan it Fryske nijs alle wurkdagen ek op de lanlike stjoerder te sjen.

Ofbylding: NPO

Mei de regiofinsters wurdt regionale sjoernalistyk noch tichter by in grutter publyk brocht. Yn ‘Kijk op Fryslân’ is yn Fryslân in koarte ferzje te sjen fan it Fryske nijs. Mear nijs en eftergrûnen binne te sjen yn it programma Fryslân Hjoed, op telefyzje by Omrop Fryslân.

Yn Fryslân is de pilot foarearst allinnich te sjen by minsken dy’t Ziggo of Kabel Noord hawwe. Sjoggers fan oare distributeurs krije op dat stuit in gearfetting fan al it regionijs út it hiele lân te sjen. Neist Omrop Fryslân dogge Omroep Gelderland en RTV Rijnmond mei oan de proef. It giet om in gearwurking tusken NPO, RPO en in tal kabelmaatskippijen

Nei trije moanne wurdt de proef evaluearre. Dêr wurdt de miening fan de sjogger ek by frege. It ynfieren fan in regionaal nijsfinster wurdt neamd yn it regearakkoart fan it kabinet Rutte III. Mear ynformaasje is te finen op www.over.npo.nl.

maart 26, 2019 09:26
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Nanne Hoekstra maart 26, 09:59

    De Nederlânsktalige titel betsjut hooplik net dat it regiosjoernaal yn dy taal is!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.