De fyftich moaiste tochten oer de dyk op ’e wrâld

maart 16, 2019 10:39

Aventoer en frijheid oer de dyk

In tocht oer de dyk is aventoer, de frijheid om te gean en te stean dêr’t je mar wolle. It boek Ultieme roadtrips befettet de yndrukwekkendste en opwinenste rûtes op ’e wrâld.

Ofbylding: Kosmos Uitgevers

Oer guon docht men wiken, oer oare mar in pear oeren. Troch de rûge, troch waar en wyn teheistere lânskippen fan Skotlân, Noarwegen en Yslân, by de leaflike en sinnige Amalfikust yn Italië del en de eachferblinende Garden Route yn Súd-Afrika. Kaarten mei alle rûtes, oanbefelle rydtiden en plakken om stil te stean binne ynbegrepen.

It boek is gaadlik foar reizgers mei en sûnder ûnderfining troch it grut ferskaat oan rûtes. Hâlde jo fan ûntspand riden? Dan binne der prachtige rûtes lykas Blue Ridge Parkway, Route Vins d’Alsace en de Romantische Straβe yn Dútslân. Foar de reizgers dy’t fan mear opwining hâlde binne der bochtige berchrûtes lykas de Italiaanske Stelviopas en de Transfăgărăşanwei yn Roemenië.

Ultieme roadtrips hat it karmerk fan de súksesfolle reiswebside travelvalley.nl en is útjûn troch Kosmos.

maart 16, 2019 10:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.