CDA-kampanje foar Wetterskipsferkiezingen

maart 16, 2019 15:00 Fernijd
Heech wetter by Holwert

Heech wetter by Holwert (foto: © It Nijs / Lenie Hiemstra en Jens Uwe Ries)

Moandei 18 maart hâlde de Wetterskipskandidaten fan it CDA in promoasjetocht troch Fryslân. Mei in karavaan fan auto’s, karren en boaten giet it fan Snits nei Ljouwert en Drachten om oandacht te lûken.

Dat it wetterskip him mei genôch skjin wetter en de beskerming tsjin te folle wetter dwaande hâldt, skine in protte minsken net te witten. Mei de rûte troch Fryslân wolle de kandidaat-bestjoerders dêr omtinken foar freegje. Yn Snits, Ljouwert en Drachten sille se de peilhichte útsette.

maart 16, 2019 15:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Hendrik de Vries maart 16, 22:06

    Opmerklik dat jim sa krekt foar de ferkiezingen sjen litte in CDA blêd te wêzen. Krekt as de LC in PvdA krante is en it FD fan de CU en SGP ?

  2. Johannes maart 18, 12:47

    De boarge kandidaten en it CDA slagge foar master op, by it Wetterskip. It wurdt tiid dat dat `Boarge` der út giet. dat is gjin demokrasy. It FNP is Fryslân en moat de oerhân hawwe. `Wetter natuerlik` liket my ek in goede partij.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.