Brútstap kin om de Britten wol wat letter

maart 14, 2019 21:11

As it oan it Britske parlemint leit, bliuwt it Feriene Keninkryk noch efkes lid fan de Europeeske Uny. It Legerhûs hat tongersdei mei in grutte mearderheid stimd foar it oanhâlden fan it lidmaatskip nei 29 maart. Dan soe it lân de EU ferlitte.

Oft it Feriene Keninkryk wier by de EU bliuwe kin, is lykwols net wis. Dat kin allinne as alle 27 EU-lidsteaten der ek mei ynstimme. Der hoecht mar ien tsjin te wêzen en dan is de Brútstap op 30 maart in feit. De kâns is der dan lykwols dat de EU it Feriene Keninkryk folle langer binnenboard hâldt as dat it Britske regear eins wol.

Der komt net wer in referindum oer de Brútstap. Tsjinstanners woene dat graach, mar it Legerhûs dat dêrtsjin stimd. Dat wol sizze dat it Britske regear gewoan trochgiet mei it ûnderhanneljen oer saken lykas grinskontrôles en hannelsrjochten tusken de EU en it FK.

De Skotske media reagearren hjoed tige fûl op ‘e ûnmacht fan premier Theresa May om in akseptabele Brútstapregeling mei de Europeeske Uny op te stellen. Hast alle kranten hiene grutte lilke stikken op ‘e foarside. Chaos reigns (‘Gaos is baas’) stie der op ‘e foarside fan ‘e Scottish Daily Mail. De Skotske edysje fan The Times iepene mei Brexit meltdown (in meltdown is it smelten fan in kearnreaktor) en de Scottish Daily Express skreau op ‘e foarside Don’t let EU bullies win the day (‘Lit de EU-pesters harren sin net krije’). De mearderheid fan ‘e Skotten wol dat it Feriene Keninkryk by de EU bliuwt. De partij SNP wol sels dat de Skotten har der yn in referindum oer útsprekke kinne dat Skotlân út it FK stapt en EU-lid bliuwt.

maart 14, 2019 21:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric maart 17, 05:06

    As de Breksit trochgiet, kinne wy sjen wat de gefolgen op lange termyn wêze sille.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.