Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 24

maart 3, 2019 11:31

Kollum

Op nei Mars

Lilkens ôfrûne wike op de sosjale media. Nederlân bongelet ûnderoan yn de list fan Europeeske lannen. Watfoar list? De list fan Europeeske oanpakkers fan it klimaatprobleem. Blykber is dat foar in protte minsken nijs, mar it is al jierren sa.

Hoe kin it dochs dat we yn in ynnovaasjelân as Nederlân net by steat binne om it útstjitten fan CO2 tebek te setten? Wêrom slagge dat wol mei de soere rein, it gat yn de oanzonlaach, de boaiem- en wetterfersmoarging? Dat kaam trochdat der doe by de oplossingsrûte op koarte termyn in soad winners te neamen wiene. Dy wiene bliid mei de maatregels. Fuort om harren hinne wie resultaat: skjinner wetter, in skjinnere boaiem en skjinnere lucht.

No binne der twa belangrike ferskillen: a. De fossile brânstoffen binne sterk ferweve mei ús deistich libben; allinne al yn Fryslân jouwe we dêr alle jierren mear as oardel miljard euro oan út. b. In soad partijen fertsjinje dêroan en hingje der dus tsjinoan om te feroarjen. Om yn de kleaune fan dy belangen yn te gripen is in kwestje fan lef en politike moed mei dúdlikheid foar de lange termyn.

No’t de ferkiezingen deroan komme, wurdt it spannend. De politike partijen binne oan it ferkennen wat de stimmer beweecht en basearje dêr harren útspraken op. Premier Rutte doar te bewearen dat wy noch alve jier de tiid hawwe om de CO2-útstjit mei de helte te ferminderjen. Dat suggerearret dat we alle tiid hawwe en dat hy it probleem lytsachtet. Dêr wurdt de útspraak fan de rjochter yn de Urgendasaak ek net serieus mei nommen. Hoe is it mooglik?

Gelokkich set soks in protte ûngerêste minsken oan ta aksje. De klimaatskoaltsjeskûlers yn België en oare lannen hawwe in flamke oanstutsen. Yn Nederlân set de winnende aksjereeëns fan de jongerein ús ek oan it tinken. “Wêrom noch nei skoalle as der net nei wittenskippers harke wurdt?” stie op de protestbuorden. Troch hieltyd mear protestaksjes nimt it politike lef om troch te setten ta. Technysk en finansjeel binne de problemen op te lossen. It ûntbrekt allinne oan lef en moed om oaljeknopen te lizzen of de bile deryn te setten.

Foar 10 maart is der in grutte demonstraasjemars yn Amsterdam pland om de politisy ta aksje oan te trúnjen. De Klimaatwet komt deroan. Wat dêryn komt te stean wurdt it kommende fearnsjier útmakke. Ut Fryslân wei ride der op 10 maart ek in soad bussen nei Amsterdam.

Sil Nederlân op it ûnderste plak trochbongelje? Of nimt it in liedende rol? It ferline hat bewiisd dat it dat hiel goed kin. Uteinlik leveret dat Nederlân jild en nije banen op en jaget it de huzebesitters werklik net op hege kosten. Der binne genôch finansjele knoppen om oan te draaien. Fersterkje wy de isolaasje en ynstallaasjes yn ’e hûs? Of dochs mar de diken?

Lit ús ús earst op de klimaatmars nei Amsterdam rjochtsje. Op 10 maart rint Amsterdam fol, allegearre mei-inoar nei de Dam. Driuwt dy mars ús de kommende jierren fan it ûnderste plak ôf? Och, wy sille noch wolris op Mars terjochte kinne. Mear fertrouwen haw ik yn de Amsterdamske mars! Wy hawwe hiel wat yn ’e marse!

maart 3, 2019 11:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.