Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 23

maart 1, 2019 15:33

Soere klimaatbeslissingen

Kollum

Der wie in tiid dat Nederlân noch gjin gasoanslutingen hie om huzen te ferwaarmjen. Yn de sechstiger jierren wie it yn minder as tsien jier safier. Suver alle huzen waarden ferwaarme troch gaskachels. Gjin stokerij mear mei swarte brant of oalje, mar skjinne lucht. In wrâldprestaasje dêr’t in protte wurk efterwei kaam en in stream oan technyske ûntwikkelingen fan ferwaarmingstastellen.

Der wie in tiid dat it wetter yn Nederlân sa smoarch waard, ek yn de sechstiger jierren, dat der in wet kaam: de Wet verontreiniging oppervlaktewateren (Wvo). Yn minder as tsien jier sieten alle huzen op it rioel. Der waarden wettersuveringen boud en alle jierren waard it bûtenwetter yn ús lân skjinner en skjinner. In wrâldprestaasje mei in protte ynnovaasje yn de wettersuvering. Oeral op ’e wrâld waarden ús wettersuveringen realisearre.

Der wie in tiid dat de dat beammen yn ús lân en yn de rest fan ’e wrâld hieltyd kealer waarden: soere rein. Der kaam in wet en dy hie as gefolch dat de soermakkers (lykas swevel) út de útlitgassen fan auto’s en oare ferbrâningsynstallaasjes keard waarden. Yn minder as tsien jier waard de lucht wer skjinner en it soere reinen wie oer.

Der wie in tiid dat der in gat yn de oazon kaam. Yn in sucht kaam der in wet dy’t de útstjit en it brûken fan kuolmiddels yn kuolkasten en driuwgassen yn spuitbussen ferbea. Yn minder as tsien jier wie it oazongat fuort.

No hawwe wy it CO2-probleem. De oplossing liket ienfâldich. Der komt in klimaatwet dy’t derfoar soarget dat de útstjit fan CO2 tebekkrongen wurdt. Mar wêrom slagget dat no net? Omdat wy opsletten sitte yn ús poldermodel.

Elkenien mei meiprate. Tsja, as in hiel grut part fan ús lân jild fertsjinnet oan fossile brânje, dan fielt men al oan dat it lestich wurdt. Dêrom dat de CO2-heffing de iennichste wei is om dat probleem op te lossen. Wy hawwe techniken genôch om de CO2 tebek te kringen, mar no doar de polityk it net oan om dy wet yn te fieren. It is in polityk spul wurden, mar dêr wurdt it probleem fan it opwaarmjen fan de ierde net mei oplost.

Us ynnovaasjelân is wis wol by steat om dat probleem oan te pakken. Dêr is politike wil foar nedich en dúdlikheid foar de kommende tsien jier. Fryslân kin dy útdaging oan! By de Steateferkiezingen op 20 maart kin al de goede rjochting ynslein wurde. Fryslân sit te wachtsjen op soere klimaatbeslissingen. Nei it soer komt it swiet!

Bouwe de Boer is enerzjykoördinator by de gemeente Ljouwert en projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.

 

 

 

maart 1, 2019 15:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.