Boek en film ‘De Bestimming’ presintearre

maart 29, 2019 15:25

Deputearre Michiel Schrier kriget it boek De Bestimming út hannen fan Grut Hermana-foarsitter Sijtze Sijens. Dêrefter Matthijs Kalma, Piet Meerdink, Hilbrand Wijbenga, Froukje de Jong-Krap, Pieter van der Ende en Frits Sieswerda. (foto Grut Hermana)

Deputearre Michiel Schrier, foarsitter fan de advyskommisje fan it Iepen Mienskipsfûns Fryslân (IMF), naam justerjûn fan it boek en de film fan De Bestimming, de Leadjitter en Famke it earste eksimplaar yn ûntfangst. It teaterstik fan de Stichting Grut Hermana (de opfolger fan BAUCK!), waard ferline jier novimber yn Minnertsgea spile. Neffens Schrier binne boek en film tige gaadlik om in kultureel projekt mei ôf te sluten. “In geweldich inisjatyf foar de regio wurdt sa ek noch ris fêstlein en hat dêrtroch in bliuwende wearde.”

De Bestimming is skreaun troch Sybe Joostema en as lokaasjeteäter yn Minnertsge útfierd yn it ramt fan LF2018. It boek waard ek troch Joostema makke en de film troch Jorrit Meinsma en Janco Krist. Sijtze Sijens, foarsitter fan de stichting Grut Hermana rikte it boek en de film út. “Wy binne der wiis mei dat de IMF-kommisje ús stichting dêr sa geweldich yn stipe hat. Wy geane foar kwaliteit en kultuerûntwikkeling fan dizze regio en mei ûnderwerpen dy’t histoarysk kleure binne. Dan hat men dy stipe wol nedich. It hat hiel wat minsken entûsjast makke. It docht wat mei de mienskip. In ferhaal oer in leadjitter dy’t yn 1947 troch in fout sjocht dat de tsjerke fan Minnertsgea ôfbaarnt, komt werom om te helpen. En wat docht dat dan mei de mienskip.”

De leden fan de advyskommisje dy’t de foarstelling sjoen hawwe, wiene ienriedich entûsjast. Net allinne oer ûntwikkeling fan mienskipssin, mar ek oer hoe’t de muzyk brocht waard troch CMV Oranje, oargelist Simon Bouma en sjongers út de regio, it toanielspyljen troch talinten út de regio, byld en klaaiïng troch Nienke Bos en Sybe Joostema, fertelde Sijens.

Troch it projekt kamen sa’n hûndert kultuerdielnimmers út de omkriten yn aksje. De foarstelling krige in entûsjaste ûntfangst fan Friezen en net-Friezen en wie samar útferkocht. Streekwurk Noardwest stimulearret sokke aktiviteiten graach, neffens Schrier: “It bringt it aktyf en passyf dielnimmen oan kultuer op in heger plan.”

maart 29, 2019 15:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.