Beslein nei it stimhokje mei It Nijs

maart 16, 2019 18:52

It Nijs set de ynformaasje dy’t nedich is om jin ta te rieden op de kar yn it stimhokje oersichtlik foar jim op in rychje.

Sjoch hjir foar in oarsjoch fan de stimhelpmiddels, mei trochkliks.

Foar wa’t spesjaal it Frysk wichtich achtet, lykas in protte fan ús lêzers, is hjir in oersjoch te finen fan wat dêr oer yn de ferkiezingsprogramma’s stiet. En hjirre hoe’t de partijen reagearre ha op in stelling oer it ûnderwiis yn it Frysk.

foto © Aant Mulder

Oft it partijen in bytsje tinken is mei it Frysk, is ek ôf te lieden oer sinnige ynformaasje-oerdracht yn dy taal. De FNP kommunisearre altyd al yn it Frysk, mar by de foarrige provinsjale ferkiezings wienen der wol sân partijen mei in Frysktalich partijprogram. No koe de redaksje der mar fiif fine: GrienLinks en ChristenUnie dogge diskear net mei. Benammen fan de ChristenUnie is dat nuver om’t dy partij sels by de lêste lanlike ferkiezings in Fryske programmaferzje hie, krekt as PvdA en Partij voor de Dieren (PvdD). Dy partijen ha dat dit jier ek wer en SP en PVV allyksa. De PvdD hat boppedat in sprutsen Nederlânske ferzje en ien yn gebeartetaal. De FNP spant de kroan, mei ferkiezingsprogramma’s, sawol foar Provinsjale Steaten as foar it Wetterskip, yn Frysk, Stellingwersk, Biltsk en Nederlânsk en boppedat in folslein Frysktalige webside.

De ferkiezingsprograms binne hjirre yn hiel harren hear en fear te lêzen (allinnich de Frysktalige om’t It Nijs no ien kear ornearre is foar it jaan fan ynformaasje yn it Frysk):

FNP_Ferkiezingsprogram_2019_FRYSK

FNP_Wetterskipsprogram_2019_Frysk

PvdA-Fryslân-Ferkiezingsprogram-2019-2023_FRYSK

sp_ferkiezingsprogramma_2019-2023_frysk_1

PvdD-Verk.-progr.-PS-2019-Fries

Ferkiezingsprogram_PVV_Fryslan

Hat de redaksje in Frysktalich ferkiezingsprogramma oer de kop sjoen? Jou it hjirûnder troch!

maart 16, 2019 18:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.