Bernerjocht

maart 9, 2019 20:55

Taspraak fan Piter Dykstra by de manifestaasje fan Sis Tsiis op 9 maart 2019 op it Saailân

foto © Aant Mulder

‘Lêzen en skriuwen leare yn de memmetaal is in bernerjocht’, dat is ús biedwurd. En dat jildt foar alle bern. Under Frysk beflappe wy dêrom ek ús lytse talen: it Biltsk, Stellingwarfsk, Hylpersk, Ailaundersk en neam mar op.

As in bern foar it earst nei skoalle giet en lêzen en skriuwen leart, komt it op in folslein nije wize yn ’e kunde mei de eigen wrâld. It bern begjint folle bewuster nei te tinken oer wat it lêst en skriuwt as foar dy tiid. Dat is in wichtige stap foarút yn de ûntjouwing fan in minske.

Mar as dy stap yn in oare taal as de eigen taal makke wurde moat, dan leart it bern tagelyk dat de memmetaal net goed genôch is foar dy nije libbensfaze. En boppedat dat de eigen komôf en identiteit minderweardich binne oan dy fan de bern dy’t wol yn de eigen taal lêzen en skriuwen leare. Hja leare dat har plak en dat fan it Frysk hielendal efteroan yn de rige is. En sa is it kommen dat it Frysk net mear de earste taal fan ús provinsje is, mar dat as noarm wat geveltsje-Frysk yn de publike romte tolerearre wurdt, lykas by KH2018 en by it museum efter my.

De skoalle is sûnt 1815 in ynstitút dat yn opdracht fan de Haachske oerheid fan alle bern steatsboargers makket mei ABN as noarm en dat hat de status fan de eigen memmetaal deldrukt. De skoalle is doe in kamredsje yn de taaldiskriminaasjemasine fan ús maatskippij wurden. Dat is net mear fan dizze tiid. Minsken binne der hjoed-de-dei net mear foar de steat, mar oarsom: de steat is der om de minsken te tsjinjen. It is ûnrjochtfeardich om taalminderheden efter te stellen en it docht de ûntjouwing fan de bern gjin rjocht.

Alden sjogge de neidielen fan de lege memmetaalstatus foar de bern en guon bringe de bern dêrom mar yn it Hollânsk grut, mar wa’t syn memmetaal fersmyt, is syn djoerste eigen kwyt. En sa giet de diskriminaasje ek net oer. It wurdt earder slimmer, want troch fan taal te feroarjen jouwe jo sels ta dat jo fan mindere komôf binne. Twadderangs bliuwe jo dêrom dochs.

By 20 % fan de folslein Frysktalige húshâldings komme bern hjoed-de-dei út skoalle thús en begjinne Hollânsk te praten tsjin heit en mem. Heiten en memmen, dy’t bang binne foar in taalstriid yn de húshâlding, geane dan gauris ek mar oer op it Hollânsk. Sjoch dêr hoe fyn ynlein en slûchslim oft de diskriminaasje wurket.

Sûnt 1980 is Frysk op skoalle ferplichte, mar troch it – foar ús Friezen fernederjende – gegriem en gepiel yn de wetjouwing en mei de útfiering, is it noch altiten mooglik dat in goed resultaat opkeard wurdt. Ik neam:

  • De minne bekostiging.
  • It te lang ûntheffings jaan. De bern dy’t no op skoalle sitte, hawwe ek rjochten. En it is koade read. De Stellingwerver en Skiermûntseager bern prate har memmetaal al net mear op it skoalplein. Alle kâns dat de skoalbern fan 2030 yn dy gebieten dy taal sels net iens mear heard hawwe. Us meast sjongende Fryske taal, it Schiermonnikeiger, falt sels bûten it Fryske taalgebiet en bûten alle soarch.
  • It net kontrolearjen troch de ûnderwiisynspeksje, de heechhertige hâlding foar it Frysk oer fan ynspekteur-generaal fan dyselde ynspeksje.
  • Yndieling yn profilen op himsels al; frijstellings foar saneamde net-Fryske taalgebieten.
  • It provinsjaal taalskipperjen dat eins beheind is ta frijstellings jaan; de mooglikheid fan skoallen om efter de rêch fan de Provinsje om by Ynlânske Saken de foet dwers te setten.

Dat binne allegearre dingen dy’t by gjin inkeld oar skoalfak mooglik binne. Mei as gefolch: 85% fan de bern komt nei hast 40 jier noch as analfabeet yn de memmetaal fan skoalle ôf. Mei eare neam ik lykwols ús dosinten Frysk: dy binne ús echte helden, om’t it har tsjin alle ferdrukking yn dochs noch slagget om it libben fan ús bern riker te meitsjen.

Der moat folle mear barre as allinne it ynfieren fan in fatsoenlik fak Frysk. It Frysk as fier- en ynstruksjetaal moat ek syn gerak krije by oare fakken en learmiddels. En foaral mei de leechlizzende en gekoanstekkerige hannelwize fan de oerheid moat it út wêze, want oars wurdt ús samar wer ôfnommen, wat wat wy mei in soad striid wûn hawwe.

Lykas de gemalen fan Wetterskip Fryslân hjoed-de-dei, fanwegen de drûchte, it wetter de polders yn mealle ynstee fan derút, sa moatte de skoallen – as gemalen yn in taalwetterskip – ek de oare kant op mealle en de lege status fan it Frysk ferheegje om foar lykweardigens fan de beide talen te soargjen. Sa’n ‘attitudeferoaring’ krije se yn De Haach net klear. Dêrom moatte wy yn Fryslân sels wer de leie yn ’e hannen krije: by de ûnderwiisynspeksje, mar likegoed by de ûnderwiiswetjouwing. De Provinsje moat alle foech krije om ek foar it resultaat ferantwurdlik steld wurde te kinnen. Autonomy op it mêd fan it hiele ûnderwiis dus!

Dan kinne de Frysktalige bern wat de behearsking fan har memmetaal oanbelanget lykweardich oan de Hollânske bern en lyksa lykweardich as minske fan skoalle ôf komme.

Frysk-peil moat like heech wurde as ABN-peil. Dêrom no foar ús bern: Frysk blinder!

En dêr geane wy de dyk foar op …

Piter Dykstra is lid fan de aksjegroep Sis Tsiis
maart 9, 2019 20:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.