‘Belibje it wer’, temakoffers foar soarch en deibesteging fan no ôf te keap

maart 11, 2019 09:10

In foarwerp, in gefoel of in lûdsje kin dy wat yn it sin bringe út in lang ferfleine tiid. By dy oantinkens hearre faak moaie ferhalen. Spesjaal foar de âldereinsoarch en -deibesteging binne troch de Afûk temakoffers makke om dy ferhalen foar it ljocht te bringen. De koffers, dy’t Belibje it werkoffers neamd wurde, biede werkenber materiaal fan doe en dogge in berop op de oantinkens oan eartiids en binne fan hjoed ôf te keap.

Foto: Afûk/Belibje it wer

De koffers Belibje it wer ha de folgjende tema’s: Hânwurk & moade, Skoalletiid, Reedride en alvestêdetocht, Muzyk & toaniel en Iten & drinke. Neist werkenber materiaal biede se ek praatplaten, boeken en in koarte dúdlike ynstruksjekaart wêrtroch’t se op leechdrompelige wize yn te setten binne troch aktiviteitebegelieders, frijwilligers en mantelsoargers. De koffers binne oanfolle mei digitaal materiaal sa as ferhalen en byldmateriaal dy’t earder ferskynd binne fia Dat wie doe sa, in projekt dat rjochte is op it brûken fan it Frysk yn de soarch.

Presintaasje en oanbieding
Op tongersdei 7 maart 2019 binne de earste 14 koffers Belibje it wer presintearre en oanbean oan de stichting Freonen fan Bennema State. Bennemastate, in soarchsintrum fan Noorderbreedte bestiet út ferskate lytse wenfoarmen. Sa is er foar bewenners mei psychogeriatryske oandwaningen in lytsskalige wenfoarm, binne der wenfoarmen mei soarch en is der in deisintrum. De koffers sille yn al dizze wenfoarmen yn de húskeamers, by bewenners yn it appartemint en yn it deisintrum ynset wurde. Wolst mear witte of de koffers ek sels brûke? Foar mear ynformaasje en bestellen sjogge jo hjir.

Belibje it wer is makke yn gearwurking mei studinten en dosinten fan de Friese Poort en meiwurkers fan Zorggroep Hof & Hiem en Leppehiem en ynspirearre op Belibje it mar, kultueredukaasje foar it spesjaal ûnderwiis. Belibje it wer wurdt mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân.

maart 11, 2019 09:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.