Attraksjepark Duinen Zathe is it ‘Leukste útstapke fan Fryslân 2019’

maart 10, 2019 09:25

Attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea is it ‘Leukste útstapke fan Fryslân’. Dat docht bliken út de ANWB-ferkiezing fan it ‘Leukste útstapke fan Fryslân 2019’. Fertsjintwurdigers fan it attraksjepark ûntfongen tongersdeitejûn 7 maart de gouden award út hannen fan Frits van Bruggen, haaddirekteur fan de ANWB. Bernebuorkerij De Naturij yn Drachten krige de sulveren priis en de brûnzen priis gie nei Aqua Zoo Fryslân yn Ljouwert.

Foto: ANWB

By de ferkiezing brochten de ANWB-leden manmachtich harren stim út op it útstapke dat sy it meast wurdearren, sawol op lanlik nivo as provinsjaal en foar it ‘Leukste útstapke oer de grins’. Yn totaal waarden goed 63.000 stimmen útbrocht.

Attraksjepark Duinen Zathe skoart, neist in hiele protte stimmen, op hast alle ûnderdielen (priis/kwaliteit, sfear, personiel, fasiliteiten en it oanbod) de heechste sifers en is dêrmei de winner fan 2019. In greep út de reaksjes oer de winner: “Wy binne op ús wiidweidige syktocht nei it ideal attraksjepark hingjen bleaun by dit attraksjepark. Duinen Zathe is oersichtlik, rolstoelfreonlik, hat in goede catering en oantreklike attraksjes dêr’t ús bern har de hiele dei poerbêst mei fermeitsje kinne. Koartsein, tige oan te rekommandearjen.”

De winners fan 2019:
Gouden award Attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea
Sulveren award Bernebuorkerij De Naturij yn Drachten
Brûnzen award  Aqua Zoo Fryslân yn Ljouwert

De ANWB organisearret de ferkiezing fan it ‘Leukste útstapke’ foar de njoggende kear. De Efteling is it ‘Leukste útstapke fan Nederlân 2019’. Sjoch foar alle winners op www.anwb.nl/leuksteuitje.

De ferkiezing is ûnderdiel fan it Lân fan ANWB. Op www.landvananwb.nl binne tûzenen ferrassende ideeën foar in dei of wykein fuort te finen. De list wurdt gearstald tanksij de ynbring fan besikers.

maart 10, 2019 09:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.