ANWB-leden yn Fryslân jouwe prioriteit oan ferkearsfeiligens

maart 30, 2019 08:14

ANWB-leden yn de provinsje Fryslân fine ferkearsfeiligens it wichtichste tema foar de nije Steateperioade. De mearderheid wol dat diken en fytspaden feiliger wurde en is foar in strangere ferkearshanthavening.

Foto: Wikipedia/Gouwenaar (publyk domein)

Dat docht bliken út in lede-ûndersyk dat de ANWB yn oanrin nei de Provinsjale Steateferkiezings yn alle provinsjes holden hat. Yn it ûndersyk binne fjouwer tema’s ûndersocht dy’t de leden wichtich fine en dêr’t de provinsje in bysûndere ferantwurdlikheid foar draacht. De tema’s binne ferkearsfeiligens, berikberens en ynfrastruktuer, fytse, romte foar rekreaasje en toerisme.

Ut it ûndersyk docht fierder bliken dat ANWB-leden in protte belang hechtsje oan it ûnderhâld fan fytspaden en autodiken. Leden sjogge graach dat it iepenbier ferfier en (flugge) fytsrûtes útwreide wurde. Hast 94 persint fan de leden fynt de kwaliteit fan it lânskip en 88% behâld fan natuergebieten wichtich. Likernôch 80% wol dat fyts- en kuiermooglikheden ferbettere wurde.

De ANWB freget de Provinsjale Steaten om yn de petearen oer it nije koälysje-akkoart rekken te hâlden mei de útkomsten fan it ûndersyk. Yn totaal hawwe 5490 leden oan it ûndersyk meidien, ûnder wa 230 respondinten yn Fryslân.

Mear ynformaasje oer it ûndersyk is te finen op www.anwb.nl/provincialeverkiezingen2019.

maart 30, 2019 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.