Aldfrysk leare yn Oxford

maart 7, 2019 08:46

Anne Popkema

De universiteit fan Oxford biedt fan ‘t simmer in kursus Aldfrysk oan. Dat is it Frysk dat yn ‘e midsieuwen praat waard. De dielnimmers dûke in wike lang yn de âlde foarm fan it Frysk. Trochdat it Frysk nau besibbe is oan it Ingelsk is it Aldfrysk ek foar studinten Ingelsk nijsgjirrich.

De kursus duorret in wike en wurdt jûn troch Anne Popkema, dy’t ornaris foar de Ryksuniversiteit Grins wurket. Der is romte foar 25 kursisten. Goedkeap is de kursus net: wa’t meidwaan wol, moat 660 euro betelje. De universiteit siket wol om subsydzje om dat bedrach wat omleech te krijen.

Yn 2012 joech Popkema ek in kursus Aldfrysk op hegeskoalle NHL yn Ljouwert. It Nijs berjochte dêr doe oer: link.

maart 7, 2019 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.