Aant Mulder: Stim Frysk 20 maart

maart 5, 2019 07:00

Kollum

Stim Frysk 20 maart. It is sûnt it foarige wykein ûnderwilens alwer maart, de moanne fan de ferkiezingen, de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten. Dat dêr wol ik it mar efkes oer ha. It binne eins dûbele ferkiezingen. Wy kieze ús Steateleden en dy kieze, wat letter, de leden fan de Earste Keamer. Dat lêste, dêr hearre we algeduerigen oer as we foar de telefyzje sitte. Dy ferkiezingen, dêr giet it my no eins net om, hoewol’t ik wol mei niget folgje hoe’t minderheden en regio’s yn de Earste Keamer fertsjintwurdige wurde. Ik ha it dan fansels oer de OSF (Unôfhinklike Senaatsfraksje), dêr’t Durk Stoker (âld-wethâlder fan Súdwest-Fryslân en ûnderwilens ek al wer âld-wethâlder fan De Fryske Marren) foarsitter fan is en dêr’t Gerben Gerbrandy (âld-boargemaster fan Achtkarspelen) ien fan de kandidaat-senatoaren foar is.

Nee, it giet my op 20 maart earst en meast om de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten. It giet my om de politike partijen, wat se dien ha en wat se fan doel binne om te dwaan. Yn in kampanje fan in pear wiken moatte we wer fan alles op ’e hichte reitsje. Dat slagget fansels net. Dy tiid is te koart en it is te folle in spultsje foar politisy. Dat waard mei de ôftraap op moandeitemoarn 26 febrewaris op stasjon Ljouwert daliks al dúdlik. Dy wie net foar ús, mar foar de pommeranten. Minsken mei muzykynstruminten moasten har lûd hearre litte sa’t wy op 20 maart ús stim hearre litte. Dat wie sawat de bedoeling fan dat mear muzikale as politike barren op it stasjon. Dat kin ik noch wol begripe, mar wêrom’t dat op it stasjon moast wol my mar net dúdlik wurde. It hat der sa alles fan dat ús Fryske politisy graach sa gau mooglik mei ’t spoar nei De Haach ta wolle. Wylst foar it stasjon Friezen fan Sis Tsiis struibrieven útdielden foar mear Frysk yn it ûnderwiis, waard op it perron sein dat it diskear benammen giet om kultuer, lânskip, lânbou en sirkulêre ekonomy, alteast sa stiet it yn ’e krante. Ik hie leaver sjoen dat se it net oer kultuer hân hiene, mar oer Fyske taal en kultuer en dat de selsstannigens fan de provinsje neamd wie. It moat ús net gean om hjir sa gau mooglik wei te kommen, mar om hjir sa goed mooglik te bliuwen. Dus gjin treinen dy’t faker en hurder ride, gjin Lelytreinen, dy’t mei faasje troch ús provinsje stowe. Nee, we moatte hjir bliuwe wolle. It moat om in eigen takomst gean. Wat dat oanbelanget hie de ôftraap fan de ferkiezingen better op de terp fan Hegebeintum holden wurde kinnen en, as dat te konservatyf oerkomt, yn Holwert oan See.

It moat ús net gean om hjir sa gau mooglik wei te kommen, mar om hjir sa goed mooglik te bliuwen.

Hawar, it is wat it is. Hoewol’t de kommissaris graach wol dat mear as de helte fan de Friezen aansten nei de stimbus giet, ha se dat mei sa’n ôftraap fansels noch net regele. Fjouwer jier lyn siet dat persintaazje yn alle gefallen noch op 53,1 prosint. Dat jout moed. As de opkomst sa heech of noch heger is, betsjut dat dat de measte minsken wol stimme, mar grif net goed witte wêr’t se op stimme. Wa kin alle trettjin politike partijen yn de Steaten opneame en wa wit hokker sechstjin partijen diskear meidogge? Wa kin fan guon partijen de listlûkers neame of ek noch in pear fan dy oare steateleden? Ik ha se bylâns west en ik kom net oan tsien ta. Dan ha ’k it noch net iens hân oer wat se wolle, oer wêr’t se foar en tsjin binne en hoe’t it neffens har fierder moat. Dat hoege we fansels ek net allegearre te witten. Ien partij goed kenne, dat kin genôch wêze.

Fansels, alle partijprogramma’s kinne besjoen en lêzen wurde. Dat is hjoed-de-dei mei ynternet maklik. Der sille lykwols net folle minsken wêze dy’t mear programma’s as dat fan de eigen partij lêze of sels dat net iens dogge. Om de lju dy’t om de goede partij sykje yn ’e mjitte te kommen, ha we tsjintwurdich stim- en kieswizers en oars wol, allinne yn Fryslân, de twatalige meistimmjitter. Wa’t likegoed echt witte wol wêr’t it om giet, kin net om de programma’s hinne en wat de politisy dêroer sizze. Allinne dan kinne we witte wa’t foar hokker partij de goede dingen docht of dogge, of net.

It falt op dat de ferkiezingsprogramma’s foar Fryslân ornaris yn it Nederlânsk skreaun binne en dat mar in pear partijen de programma’s yn beide talen beskikber ha.

Ik ha in skoftke yn dy programma’s om sitten te lêzen. Ik ha keazen foar in pear ûnderwerpen dy’t myn belangstelling ha. Dan ha’k it fansels oer Fryske taal en kultuer en oer ûnderwiis. It falt op dat de ferkiezingsprogramma’s foar Fryslân ornaris yn it Nederlânsk skreaun binne en dat mar in pear partijen de programma’s yn beide talen beskikber ha. De FNP hâldt net allinne rekken mei it Frysk en it Nederlânsk, mar ek mei it Biltsk en it Stellingwerfsk. Wer oare partijen brûke Fryske teksten, wurden en kopkes. It twadde wat opfalt dat binne de kreaze algemiene formulearringen dêr’t net in politikus oer stroffelje kin. Dat binne tagelyk formulearringen dêr’t men dus net folle oan hat. Sa kin ik in tal partijen maklik fuortstreekje. Krekt oarsom binne der ek partijen dy’t hiele aardige en konkrete dingen sizze. Ik neam trije foarbylden. De FNP stelt dat Ryk en Provinsje soargje moatte dat de Fryske taal en kultuer sa folle mooglik yn

foto © Aant Mulder

alle maatskiplike domeinen konkretisearre en befoardere wurde. Wat it ûnderwiis oanbelanget wol de FNP foar 2023 it foech oer de ynrjochting fan it ûnderwiis nei Fryslân ta helje. It CDA wol it brûken fan it Frysk befoarderje en seit bygelyks dat yn 2023 alle faklearkrêften Frysk it foech ha moatte. By de CU stiet dat minsken yn de soarch de eigen taal prate kinne moatte en dat helpferlieners op syn minst it Frysk passyf behearskje moatte. Dêr stiet ek dat it ûnderwiis yn it Frysk in fêst ûnderdiel fan it lespakket yn it basisûnderwiis wêze moat sûnder de mooglikheid fan ûntheffing. De tekst fan de PvdA fernuveret my. Dêr stiet ‘Fan taalpolizei nei taalwille!’ en se wolle basisskoallen mear ‘begeisterje’. Wat Frysk en Dútsk mei-inoar te krijen ha, is my net rjocht dúdlik. Fierder seit de PVV eins wat Friezen dy’t it goed foar ha mei it Frysk graach hearre wolle. Alle skoallen yn it basisûnderwiis moatte yn Fryslân it Frysk fatsoenlik jaan. Dat liket der dus op! Dus stimme op de PVV of dochs mar net, want der binne fansels ek noch oare programmapunten. Spitich.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 2 maart yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
maart 5, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Piter Dykstra maart 6, 09:45

    Op de webside fan ‘Sis Tsiis’ http://www.sistsiis.frl stiet de stimwizer fan ‘Sis Tsiis’ sa’t dy ek yn de struibrief foar de manifestaasje fan 9 maart stiet. In ferliking mei twa oare stimwizers stiet ek op dy side.
    De ‘Meistim-stemwijzer’ seit net folle, want de twa moasjes dy’t mei it Frysk te krijen hawwe, binne net relevant.
    ‘Mijnstem’ beoardielet de hâlding foar it Frysk op skoalle op ien punt, wer’t de ‘Sis Tsiis’-stimwizer dat op 8 punten docht. Dochs komme se aardich oerien.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.