Aant Mulder: Fryslân boppe!

maart 19, 2019 07:42

Kollum

Fryslân boppe! It is dus dochs sa, Fryslân is it bêste lân fan d’ ierde. We wenje hjir mei nocht en wille. Dat dat sa is, ha ’k eins altyd wol witten. It is likegoed hiel aardich om dat yn in ûndersyk befêstige te sjen. Sa’n ûndersyk is der no. Ik doel op it ûndersyk fan I&O Research dat foar NOS en regionale omroppen ûndersyk dien hat nei regio- en provinsjegefoel fan de Nederlanners. Dat ûndersyk ha sa’n 25 tûzen minsken oan meidien. De útslaggen ha ferline wike aardich wat omtinken yn de parse krige. Nuver, dat ik likegoed yn ús eigen media om dy ynformaasje sykje moatst. Dy ha der net iens in protte oer skreaun en praat. En dat wylst de flagge yn hiele Fryslân út kinnen hie.

Friezen binne wiis mei de eigen provinsje. Dat jildt hast foar trijekwart (73%) fan de Friezen. Dat seit fansels net safolle, mar dat feroaret as ferlike wurdt mei oare provinsjes. Yn Flevolân, Utert, Noard- en Súd-Hollân wurdt de 40% net helle. Súd-Hollân stiet sels mei mar sa’n 25% ûnderoan. Wy binne dus wiis mei de eigen provinsje en wy binne ek wiis mei-inoar. Hoewol, wa’t regelmjittich ynstjoerde stikken lêst soe dêr samar oars oer tinke kinne. De jongerein jout heech op oer de mentaliteit te uzes. Sy ha it oer nochterens, betrouberens en dúdlikens. De âlderein hat it earst en meast oer de natuer, it lânskip en de Alvestêdetocht fansels. Mei-inoar binne we grutsk, dêr’t ik sa’n wurd om sis, op ús taal, op ús tradysjes en op ús kultuer. De taal wurdt sels troch sa’n 60% neamd. Dat we mei-inoar grutsk binne op ús taal en kultuer fernuveret my suver.

Mei-inoar binne we grutsk, dêr’t ik sa’n wurd om sis, op ús taal, op ús tradysjes en op ús kultuer.

Benammen de taal liket my sa stadichoan wat fan de âlderen te wurden. Dat is dus net sa en dat hie ’k witte moatten. Yn petearen mei jongeren, út ûndersiken oangeande it brûken fan sosjale media wist ik wol dat de jongerein it Frysk, har Frysk in protte brûkt. Dêr ha se by Omrop Fryslân genôch foarbylden fan en op kursussen hear ik dêr ek faak en folle oer. Der wurdt ornaris wol daliks efteroan sein dat it har Frysk is en dat der troch de bril fan dy âldere Friezen besjoen grif fan alles oan mankearret en dat it perfoarst gjin geef Frysk is. Dy feiten dogge we te min mei. It wurdt heech tiid dat we de jongere en âldere brûkers fan it Frysk mei-inoar yn kontakt bringe, dat se faninoar leare en mei-inoar nije paden geane. Wat in mooglikheden! De tiid om de taal troch bestjoeren mei leden en stipers, mei gearkomsten en ledegearkomsten te stypjen liket my wat it Frysk oanbelanget yn alle gefallen wol sawat foarby. De meidoggers wurde allinne mar âlder. De jongerein lit it ôfwitte, nei’t no opnij bliken docht, net om’t se de taal net mear fan belang fine, mar om’t se der oars mei omgeane. Dêr moatte we mei-inoar wat mei dwaan wolle.

Men kin fan tinken wol hat dat stedsminsken op in oare wize nei de wrâld om har hinne sjogge.

Wy binne dus grutsk op de taal, de tradysjes, de kultuer, deagewoan om’t dy fan ús binne, om’t we dêr wat mei ha, om’t we dêr net sûnder kinne en wolle. Hoe soene oars Fryslân 2000 en LF2018 mooglik west ha, hoe soene oars Alvestêdetochten, Slachtekuiers, skûtsjesilen, keatsen sokke suksessen wurde as we der neat mei ha soene. It fielt as binne dy aktiviteiten uzes mei-inoar. Dat gefoel komt yn mear provinsjes foar. It falt op dat it benammen de provinsjes binne dy’t in moai ferskaat oan plattelân en stêden ha en tagelyk op wat distânsje fan de Rânestêd ôf lizze. Tink oan: Seelân, Drinte, Grinslân en Limboarch. Yn de provinsjes Noard- en Súd-Hollân en Utert bestiet dat provinsjegefoel linkendewei hast hielendal net mear. Dat jildt dêre noch mar foar sa’n 20, 30 prosint fan de ynwenners. Dêr giet it net mear om it provinsjegefoel, mar om it stedsgefoel en dan de stêden dêr’t men fansels wennet. Dat wy ha it oer Rotterdammers, Hagenezen en sa fierder. Men kin fan tinken wol hat dat stedsminsken op in oare wize nei de wrâld om har hinne sjogge. It is sadwaande foar ús wol spitich dat it regear mei datsoarte fan stedsfolk út dy stêden wei it hiele lân bestjoert en dat de omroppen eins op deselde wize en dus mei deselde soarte lju it hiele lân beprate. Sy tinke te faak dat se de noarm binne. Dan giet it ferkeard. Dan giet it ferkeard yn Limboarch as it om de minen giet, dan giet it ferkeard yn Grinslân as it om it gas giet, dan giet it ferkeard yn Fryslân as it om de taal giet en sa fierder.

Fan dit ûndersyk soene regear en omroppen de blynkapen ôffalle moatte. Dy wolle dochs graach dat we ús mei-inoar yn eigen omkriten thúsfiele, grutsk op ús lân binne, krekt as op dat symboalyske faaske. Dat slagget as we omtinken ha foar alle kanten fan dat faaske, foar alle kanten fan ús lân. Dat kin, as oansluting socht wurdt by de punten dy’t yn dit ûndersyk fan I&O Research oandroegen wurde.

Der binne likegoed ek in pear útslaggen dêr’t ik noed oer hâld. Wy skamje ús fan en ta foar ús mentaliteit en en hoewol’t 75% grutsk is op ús taal, skammet 15% him dêrfoar. Dat is nammers yn Limboarch net oars. Ik tink dat it te krijen hat mei it feit dat Frysk praten net altyd like fatsoenlik fûn wurdt.

Ik soe de politike partijen, it regear freegje wolle, sjoch wat mear troch in Fryske bril nei Fryslân. Dat ûnderstreket wat ik al skreau. Set konsekwint yn op it eigene fan ús provinsje: de Fryske taal, de tradysjes en de kultuer. Doch dat yn de oare neamde provinsje likegoed as yn Fryslân.

foto’s Aant Mulder

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 16 maart yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

 

maart 19, 2019 07:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.