Aant Mulder: Friezen yn soarten

maart 26, 2019 07:38

Kollum

Jimme ha grif wolris dat grapke oer boeren heard. Der binne twa soarten: minne en strieminne. Dêr moast ik oan tinke, doe’t ik mei dizze kollum teset gie. Net dat it ferhaal oer boeren giet, mar om’t ik betocht dat der ek twa soarten Friezen binne. Dêr hâldt de ferliking ek daliks wer op, want ik wol net ta op minne en strieminne, mar op betelle en net-betelle Friezen. Ik bedoel mei betelle Friezen de minsken dy’t op grûn fan har berop mei ’t Frysk te krijen ha en mei net betelle Friezen dejingen dy’t gewoan Frysk binne en dêrom foar de taal krewearje. It is ek wol aardich en neam se frije (sûnder haadletter!) Friezen. Wat se dogge, dêr binne se ommers frij yn. It binne de amateurs, de sneupers, de bewegers, de gewoane Friezen. Eins ha ’k der net in goed wurd foar, mar jimme begripe my grif wol.

fotokollaazje Aant Mulder

Ik wol it earst efkes oer de Friezen ha dy’t rekken hâlde moatte mei wat bazen sizze, de betelle Friezen dus. Dy brûke it Frysk, dy ha it oer it Frysk om’t it by har wurk heart of om’t it gewoan har wurk is. It wurdt op dat stuit fan har ferwachte. Dy professionals dogge hiele goede dingen as it om ús Fryske mienskip giet, dêr wol ik neat oan ôfdwaan. Wy ha ek moai wat fan sokke lju. Wy ha ommers in ryk ferskaat oan ynstituten, ynstellingen en skoallen, dy’t wat mei it Frysk dogge. In lytse opsomming: it Provinsjehûs, de gemeenten, Dingtiid, de Fryske Akademy, Tresoar, Afûk, Omrop Fryslân, de Hegeskoalle NHL Stenden, Cedin, ynspeksjes en sa fierder. Yn dat ferskaat oan ynstituten hâlde dy bestjoerders, direksjes en meiwurkers har dwaande mei Fryske regels, notysjes, stúdzjes, tydskriften en boeken, lessen en kolleezjes, tafersjoch. Dy Friezen binne eins oan it wurk foar dy oare groep, de frije Friezen, de gewoane Friezen, sis mar. Dat binne we útsoarte eins hast allegearre.

Ik wol it systeem fan bewegers oan de iene kant en dat fan de keazen en beneamde Friezen oan de oare kant net ûnderút helje.

Wy, de Friezen dy’t net betelle wurde, binne ôfhinklik fan dy professionals. Dy ha de kennis en dy geane ornaris oer it jild. Wy wolle gauris guon dingen better regelje, wy wolle avesearje, wy wolle gewoan mear. Dat besykje we te berikken troch yn wurkgroepen, kommisjes, ferieningen en gearkomsten dingen ôf te praten en it leafst manmachtich mei goede útstellen te kommen om sa by dy professionals yngong te krijen, dêre oan tafel te kommen. Dat dwaan is eins al begûn yn 1844 mei it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse. Dat fyn ik alteast in moai begjin. Ik ha wol wat mei de romantyk, want in romantysk barren wie it. Nei dat Selskip binne der ferskate oaren bykommen en wer ferdwûn. Hjoed-de-dei binne der likegoed noch genôch. Tink oan: de Jongfryske Mienskip, de Fryske Rie, de boekeklub KFFB, It Skriuwersboun, de Feriening Frysk Underwiis, it Europeesk Buro foar Lytse talen, de Fryske kriten, de Boargeraksjegroep SisTsiis en de Ried fan de Fryske Beweging. Dy gewoane Friezen binne ornaris brek wat de professionals dus wol ha: kennis, jild, mooglikheden.

Ik wol it systeem fan bewegers oan de iene kant en dat fan de keazen en beneamde Friezen oan de oare kant net ûnderút helje. Fansels, it kin oars en better, mar dêr giet it my no net om. It giet my no om dy saakkundigen oangeande it Frysk dy’t guon tiden karriêrelang de goede dingen foar it Frysk dogge. Dêr kinne we fergulde mei wêze. Nee, my falt wat oars op. Bestjoerders, amtners, meiwurkers, learde lju, ynienen binne se der en dan dogge se fan alles foar it Frysk en foar Fryslân. Dat bart ornaris tuike-tuike oan, dat wol. It falt my ek op dat se ornaris net meidogge yn de rûnten fan de bewegers. Guon tiden binne se ek samar wer fuort. De iene kear binne se fuort om’t se earne oars in oare baan krije; de oare kear om’t se gewoan mei pensjoen geane. Dêr sit myn fernuvering. As se fuort binne, heart en sjocht men se ornaris net mear of it soe wêze moatte dat nochris publikaasjes of boeken ferskine of dat immen in sit kriget yn de iene of oare advyskommisje. Se meitsje yn alle gefallen net gau de oerstap nei de gewoane Friezen om dêre mei te dwaan.

Wy soene gewoan it gefoel ha moatte dat we mei-inoar foar deselde dingen krewearje.

Demonstraasje Sis Tsiis 9 maart 2019. Foto Aant Mulder

No is it fansels net allegearre like swart-wyt as ik skriuw. Likegoed kom ik yn de bedoelde rûnten net folle âld-skoalmasters en ‑leararen, âld‑riedsleden, ‑wethâlders en ‑boargemasters tsjin. Datselde jildt foar âld-amtners en bestjoerders fan ynstellingen, wittenskippers. Yn ’t ferline hat dat wol sa west, Ik soe nammen neame kinne. Ik wit no party foarbylden fan dat soarte fan minsken dy’t systematysk oanjouwe dat net te wollen. Dat is nuver en dat soe eins oars moatte. Wy soene gewoan it gefoel ha moatte dat we mei-inoar foar deselde dingen krewearje, dat we dat op deselde of op hieltyd wer oare plakken dwaan kinne. In gewoane Fries kin in saakkundige Fries wurde en oarsom. It liket dat der ferbining is, mar dy is der net, yn alle gefallen fierstente min.

In konkreet foarbyld: de Fryske Akademy is uzes mei-inoar. Dat wie alteast sa yn de tiid fan sneupers, wurkferbannen en leargongen. De eardere direkteuren wiene bekende figueren om’t se meidiene yn rûnten fan de professionals en fan gewoane Friezen. Dat de swierrichheden fan de Fryske Akademy no earst en meast de swierrichheden binne fan dy Akademy, Provinsje en KNAW (Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen) hat soks fan gefolgen. De measte gewoane Friezen ha neat mear mei de Akademy. Dat is spitich, want sa ferdwine draachflakken. Ik hoopje op wer oare en bettere tiden, mar ik sei it al, ik bin in romantikus.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 23 maart yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

maart 26, 2019 07:38
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben maart 31, 10:24

    Prachtige kollum Aant.Moai sein (skraun) Wat my wolris op in ferkearde foet set is,it earste wurd ‘Kollum’ Oh, dit ferhaal komt út Kollum.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.