Aant Mulder: ‘Doeslief’, no ikke net!

maart 12, 2019 07:32

Kollum

‘Doeslief’, no ikke net, en no’t ik wit wat dêrmei bedoeld wurdt, prakkesearje ik der al hielendal net oer. ‘#Doeslief’ want it hat, begryp ik al gau, te krijen mei in kampanje dy’t benammen foar de sosjale media ornearre is. Doe’t ik dat ‘Doeslief’ foar de earste kear hearde en seach, begriep ik der net folle fan. By Does tocht ik samar oan de lêsplanke, dy’t einiget mei: ‘weide – hok – does – schapen’. By Does stiet dan in prachtige hûn tekene. Nee, begriep ik, it giet net om in leave hûn. It is net hûnleaf. Se bedoele hiel wat oars. ‘Doeslief’ betsjut ‘Doe eens lief’, Dochris leaf dus. Sire – want ‘#Doeslief’ is in kampanje fan dy stichting foar ideële reklame – wol dus dat ik leaf doch. En hoewol’t ik fan dat taalferfrommeljen neat ha moat, wurd ik dochs nijsgjirrich nei wat se dêr krekt mei bedoele. Doch ik dan net leaf genôch?

Ik lês dat wy net hufterich, mar leaf wêze moatte. We moatte ophâlde mei skellen en flybkjen, gjin middelfinger mear opstekke, net mear bumperkleve, foarkringe en benammen net mear skelle op sosjale media. Sa is der noch wol wat op te neamen fan wat we allegearre net dwaan moatte. Dat bedoele se dus. Ik begryp it, it giet net oer de leafde, mar oer noarms en wearden. Sis dat dan gewoan. Mar goed, ik wit fansels ek wol dat net elkenien him altyd like kreas hâldt en draacht. Ik bin der lykwols fan oertsjûge dat it net om grutte oantallen giet dy’t systematysk de ferkearde dingen dogge. Ik fyn it dêrom nuver dat ik op sosjale media, op strjitte en yn winkels, yn it ferkear my ‘Doeslief/Dochris leaf’ gedrage moat. Sosjale media doch ik hast neat mei, op strjitte en yn winkels doch ik ornaris wat fan my ferwachte wurdt en yn it ferkear is it al net oars. Ik bin der fan oertsjûge dat soks foar fierwei de measten fan ús jildt. Dêrom soe ik dit probleem graach oarsom oanpakke wolle.

It soe net mooglike wêze moatte om op Facebook, Twitter, Instagram te misledigjen of te skellen.

It soe net mooglik wêze moatte om op Facebook, Twitter, Ynstagram te misledigjen of te skellen. Dêr moatte dy ynstânsjes op tasjen en wa’t net om lyk wol moat syn account mar in skoftke net brûke kinne en wa’t hielendal net om lyk wol moat it account gewoan kwytreitsje. Wa’t yn winkels en op strjitte tinkt dat er dwaan en litte kin wat er wol, moat hearre dat er net mear wolkom is, moat oansprutsen wurde op syn dwaan en litten. Dat betsjut dus dat der tafersjoch wêze moat. Minsken moatte wiisd wurde op wat se ferkeard dogge en bekeurd wurde as it net oars kin. It soe moai wêze as dat earst gewoane bedraggen binne, mar as jo gjin foarrang jouwe, kin dat jo op € 240 komme te stean. Foar 20 km te hurd riden bûten de beboude kom stiet € 183 en foar sûnder needsaak links riden € 140. It feit dat men eins nea oanholden wurdt, mar dy iene kear wol daliks de haadpriis betelje moat, makket perfoarst net fleurich. Foar party minsken binne it bedraggen dy’t der net om lige. Op dat stuit tinkt grif nimmen oan ‘Doeslief/Dochrisleaf’.

Wat ast wyldfrjemden tutest, wylst dy der neat fan ha moatte!
Dan rekkest samar fan de want yn ’e tomme.

Dochris leaf. Dat dogge we grif allegearre wol, mar no net krekt wêr’t Sire dat fan ús ferwachtet. Yn ’t foarste plak ha we it as it oer leafhawwen en dus oer hâlden fan giet ornaris oer oaren dy’t ús nei binne: leave heit en mem, leave bern, leave skat. Dêr heart by: immen tútsje, tútsjeboartsje, immen de earmen om ’e hals slaan. It oare kinne jimme grif allegearre wol sels betinke. Dat ‘Doeslief/Dochrisleaf’, dat komt net goed, yn ’e winkel net, op strjitte net en yn it ferkear al hielendal net. Hoe kin ik ûnderweis leaf dwaan? Wat doch ik dan? Immen tútsjes ta blaze of sels stean bliuwe en dy oare de earmen om ’e hals slaan? Sis it mar. Ik tink dat der allinne mar dalje op komt.

Nuver om ta soks op te roppen. Wat ast wyldfrjemden tutest, wylst dy der neat fan ha moatte! Dan rekkest samar fan de want yn ’e tomme. Setst ôf mei ‘Doeslief’ en komst thús mei ‘MeToo’. Dat sil dochs net de bedoeling wêze. Fansels net. Ik draaf troch. Ik wit ek wol dat se wat oars bedoele. We moatte ús oan de omgongs- en ferkearsregels hâlde. Dêr giet it om. Nochris, sis dat dan gewoan.

In foarbyld ta beslút. Tiisdei ried ik fan Balk nei Ljouwert. Ik hie in ferkearde tiid útsocht, dat tsjin fiven koe ik oanskowe yn ’e rige om fan de A7 om Snits hinne op de ‘Stadsrondweg’ te kommen. Daliks hat men dan te krijen mei twa rotonden. Dêr stie it ferkear muorrefêst. Dat ik skode tagelyk mei al dy oaren stadichoan op yn de rjochting fan dy rotonden. Dêr seach ik dat de automobilisten kreas ritsend fierder skoden. Ik die mei en ik ha der eins gewoan fan geniete. Wat gie dat kreas. Guon automobilisten stutsen de hân op, oaren knikten en guon reagearren net. Dat is mar ien foarbyld. We pasten de omgongs- en ferkearsregels ta, diene wat fan ús ferwachte waard. Nimmen hie oanstriid ta dochrisleafeftige tastannen. Gelokkich mar!

Ik soe mear foarbylden neame kinne. Jimme grif ek! Der giet ommers in hiele protte goed. Sjoch dêrnei en doch net leaf as it om de dôfhûdige dwerskoppen giet. Oars tinke dy pear dwerskoppen dat de wrâld harres is. Dat moatte we net wolle. Foar wa’t wit dat it CBS (Centraal Bureau Satistiek) op grûn fan ûndersyk fan betinken is dat we stadichoan wer hieltyd mear respekt foarinoar krije, komt dizze kampanje noch frjemder oer. Sa’t ik al sei: ‘Doeslief/Dochrisleaf’ sa’t Sire dat bedoelt, is neat foar my. Doch mar gewoan en hâld dy oan de omgongs- en ferkearsregels. Bewarje Doeslief mar foar thús, mar dan wol graach: Dochris leaf! Doch dat!

Yllustraasjes: Aant Mulder

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 9 maart yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

maart 12, 2019 07:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.