Ynwenners Flylân ûntfange de measte leafde yn Fryslân

febrewaris 14, 2019 10:47

Ynwenners fan Flylân ûntfange op Falentynsdei de measte falentynskaarten en -kadootsjes (lykas blommen, ballonnen en sûkelade) fan alle Friezen. Dat en mear docht bliken út it jierlikse falentynsûndersyk fan Greetz, it online platfoarm foar persoanlike ferrassings en merklieder yn Nederlân op it mêd fan online winskkaarten.

Falentynskaarten fan Greetz

Net allinnich nei Flylân wurde in protte ferrassings stjoerd. Op oare plakken yn Fryslân wurde ek de nedige ferrassings besoarge. De top 5 fan plakken dêr’t, neffens it tal ynwenners metten, de measte falentynskaarten besoarge wurde:

  1. Flylân
  2. Kollumerlân en Nijkrúslân
  3. Dongeradiel
  4. Ljouwert
  5. It Hearrenfean

Hokker ferrassings Friezen ferwachtsje kinne? Neist falentynskaarten wurde foaral prachtige boeketten ferstjoerd, fleurige ballonnen en lekkere sûkelade. Manlju ferstjoere earder in boeket as froulju, dy’t yn de measte gefallen foar sûkelade kieze.

Wa’t de measte kâns ha wol op in presintsje kin it bêste nei Súd-Hollân ferhúzje, dêr’t yn trochsneed de ynwenner de kâns it grutst is om wat te krijen. Fryslân stiet kwa oantal ferrassings yn de middenmoat (op it achtste plak fan alle provinsjes).

Falentynsdei net mear allinnich foar leafdes
Neist ferealens binne goede freonskip en leafdefolle famyljerelaasjes foar froulju hieltyd wichtiger redenen om minsken mei Falentyn wat te stjoeren. Stjoerde yn 2017 noch 38% fan de froulju in falentynsferrassing nei in froulike ûntfanger, yn 2018 is dat mar leafst 53%. De oare 47% wurdt by in manlike falentyn besoarge; yn 2017 wie dat noch oardel kear safolle. Op dy falentynsferrassings sette froulju graach in namme of eigen foto. Dat dogge sy 83% kear faker as manlju.

Besjoch hjir it folsleine falentynsûndersyk mei noch mear feitsjes oer ferrassings mei Falentyn.

febrewaris 14, 2019 10:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.