Wrâldpremjêre Stellingwerver film ‘Daor klept de klokke weer’

febrewaris 18, 2019 09:13

Te sjen op ynternasjonale memmetaaldei by Slieker Film yn Ljouwert

Foto: Stellingwarver Schrieversronte

De filmleafhawwers hawwe der eefkes op wachtsje moatten, mar no is it dan dochs safier: op tongersdeitejûn 21 febrewaris 2019 is de wrâldpremjêre fan de earste Stellingwerver spylfim Daor klept de klokke weer. Dy premjêre moast troch omstannichheden in pear kear útsteld wurde. It feestlike barren is by Slieker Film yn Ljouwert. Dat de film dêr yn premjêre giet, komt trochdat it op 21 febrewaris de dei fan de Memmetaal fan de Feriene Naasjes is. It EBLT (Europeesk Buro foar Lytse Talen), dêr’t de Stellingwarver Schrieversronte by oansletten is, organisearret alle jierren op dy dei in filmaktiviteit.

Daor klept de klokke weer is basearre op it boek mei deselde titel fan H. Hoogeveen, dat yn 1959 ferskynde. Dat boek fertelt it ferhaal fan de perioade dat Stellingwerf, nei in soad striid, de frijheid foargoed kwytrekke.

It skript foar de film waard skreaun troch Thomas Rovers út Grins, dy’t ek de regisseur fan de film is. De film is in produksje fan de Stellingwarver Schrieversronte. Finansjele stipe waard jûn troch de provinsje Fryslân, it Fonds Ooststellingwerf en de Kring van Bercoop. Dêrnjonken stelden organisaasjes, it bedriuwslibben en persoanen belangeleas (natoer)terreinen en materiaal beskikber. De film, dy’t foaral ek bedoeld is foar it basis- en ferfolchûnderwiis, duorret in goed healoere.

Foto: Stellingwarver Schrieversronte

Akteurs, figuranten en technyk
Oan de film dogge akteurs en figuranten mei. Dy hawwe harren oanmeld nei in oprop yn de kranten. De haadrollen wurde spile troch Dirk Nijk (Wolvegea), Lute Evert Wedekind (Aldeberkeap), Emma Winter (Wolvegea) – sy sjongt ek it filmliet ‘Stellingië’ – en Evert Pultrum (Wolvegea). Dêrnjonken docht in grut tal, út Stellingwerver doarpen ôfkomstige, figuranten mei, mar bygelyks ek in ynhierde riddersploech út Kimswert.

It kamerawurk is fersoarge troch David Koster (filmakademy Amsterdam). Earste rezjy-assistint is Marco Reekers, ek út Amsterdam. De lûdsopnamen binne makke troch Serge Epskamp fan Sânhuzen. Foar de muzyk soarge Dyno Hedges út Amstelveen. De midsiuwske klean binne ûntwurpen en makke troch Henrieke Kruise út Rotterdam. Kruise soarge ek foar in stikmannich yllustraasjes dy’t yn de film brûkt wurde.

Foar de logistyk en de technyske stipe soarge in groep fan seis persoanen û.l.f. Hendrik Betten fan Elslo. Kiena Bouwer fan de Haule soarge mei twa oare froulju foar de grimaazje.

Foto: Stellingwarver Schrieversronte

Lokaasjes
Alle sênes binne yn de simmer fan 2017 yn acht dagen tiid opnaam. Tegearre mei Hendrik Betten hat Thomas Rovers de lokaasjes útsocht. Twa dagen is der yn it Drintske museumdoarp Orvelte filme, om’t dêr in lyts boerespultsje stiet, de Bruntingerhof, dat noch út de 16e iuw stammet. Boppedat hinget yn it doarp sels in midsiuwske sfear.

Fierder binne alle opnamen yn de Stellingwerven makke. Sa is der filme by de tsjerke fan Aldeberkeap, yn it kastiel Old Stoutenburgh yn Blesike, op ’e Dellebuorsterheide, yn de Keale Dunen, de Puntersbosk en by de klokkestoel fan Nijeberkeap.

Foarôfgeand oan de wrâldpremjêre presintearret it EBLT de koarte Sorbyske spylfilm Zmij (De draak). Dy film fan Angela Schuster spilet yn 1938 yn Lusatia yn Dútslân, en giet oer in famke dat har in draak winsket om it lot fan harsels en har famylje te feroarjen.

Wrâldpremjêre Daor klept de klokke weer
Wannear: 21 febrewaris 2019, 19.00 oere (ynryn 18.45 oere)
Lokaasje: Slieker Film, Wilhelminaplein 92, Ljouwert

febrewaris 18, 2019 09:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.