Wikipedia Edit-a-thon 2019 yn Eindhoven

febrewaris 16, 2019 10:10

Minder as tsien persint fan de redakteuren op Wikipedia binne froulju. En dat is te sjen. Der is in skrinend tekoart oan dokumintaasje oer froulju, geslacht, feminisme en keunst op dy webside – ien fan de meast rieplachte algemiene neislachwurken mei mear as fjirtich miljoen artikels yn mear as 250 ferskate talen.

Foto: morguefile.com

Dat moat feroarje! Want it is in feit dat as minsken har eigen ferhalen net fertelle of aktyf wurkje oan it behâld fan harren skiednis, net ien oars dat dwaan sil. Dat betsjut dat dy ferhalen en skiednis fertutearzje. Stifting Watershed ropt minsken op om mei te dwaan en Wikipedia by te wurkjen by de Art + Feminism Wikipedia Edit-a-thon 2019.

Ynternasjonaal evenemint
Alle jierren yn maart wurdt de Art + Feminism Wikipedia Edit-a-thon organisearre yn ferskate stêden oer de hiele wrâld. De Nederlânske edysje is in ko-produksje fan Watershed, MU Artspace en it Van Abbemuseum.

Ynklusiviteit
It is in ynklusyf evenemint. Elkenien is wolkom! Minsken fan alle genderidentiteiten en -uteringen wurde útnûge, fan A-LGBHT-Z, transgenders en cisgenders oant froulju en manlju, om mei te dwaan. Froulju dy’t net meiskriuwe wolle binne wolkom om de lêzings by te wenjen en harren stipe sjen te litten.

Wurksjop 28 febrewaris
Foarôfgeand oan de Edit-a-thon organisearret Watershed op 28 febrewaris in wurksjop dêr’t redakteuren en skriuwers yn leare hoe’t se in goed Wikipedia-artikel skriuwe kinne.

Details
Wannear: 8 maart 2019
Hoe let: 12.00 – 00.00 oere
Wêr: Pand P, Leenderweg 65, Eindhoven
Kaarten: fergees foar skriuwers (iten net ynbegrepen) en € 8,50 foar dejingen dy’t inkeld de lêzings bywenje wolle (nei 19.00 oere). Oankeap fan kaarten fia dizze link.

Programma
12.00 – 12.15 oere Iepening
12.15 – 13.45 oere Wurksjop 1 – In goed Wikipedia-artikel skriuwe
14.00 – 14.30 oere Lêzing Tracian
14.45 – 16.30 oere Wurkje oan Wiki-artikels
16.30 – 17.00 oere Workshop 2 – Queer Glossary
17.00 – 18.30 oere Wurkje oan Wiki-artikels
18.30 – 19.30 oere Sop- en broadsjesbar
20.00 – 20.45 oere Lêzing 1 – Justine van de Beek
21.00 – 21.45 oere Lêzing 2 – Madeleijn van den Nieuwenhuizen
22.00 – 22.45 oere Lêzing 3 – Julius Thissen
23.00 – 00.00 oere Dûnsje op de beats fan DJ Venance
00.00 oere Sluting

febrewaris 16, 2019 10:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.