Waarpraatsje: woansdei tuskendei

febrewaris 12, 2019 18:53

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze tiisdei wurdt it stadichoan suver wat maitiidseftich. Woansdei is it noch net hielendal safier.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei rekket de loft berûn en soe der wat storein falle kinne. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich. De temperatuer leit om de 3 graden hinne.

Woansdei is de loft berûn en falt der earst miskien noch wat storein. Letter wurdt it drûch en sjogge wy, nei alle gedachten, de sinne ek noch efkes. De wyn komt op ‘e nij út it súdwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt 8 graden.

Fan tongersdei ôf bliuwt it drûch. It wurdt noch wat mylder en de sinne sil goed te sjen wêze.

Jan Brinksma

febrewaris 12, 2019 18:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.