Waarpraatsje: woansdei ek noch wat tsjinfallend

febrewaris 19, 2019 19:25

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei in stik minder kreas as de ôfrûne dagen. Dêr komt woansdei noch net folle feroaring yn.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. By in matige súdwestewyn wurdt it 5 graden.

Woansdei is de loft berûn mar letter op ‘e dei is in glimp fan de sinne net útsletten. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich. De temperatuer leit om de 9 graden hinne.

Fan tongersdei ôf komt it maitiidseftige waar stadichoan werom.

Jan Brinksma

febrewaris 19, 2019 19:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.