Waarpraatsje: Tige ritich

febrewaris 6, 2019 18:53

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in ferreinde woansdei sjocht it der foar de kommende dagen ek net goed út. It bliuwt ritich en de winter is hiel fier fuort.

Yn ’e nacht fan woansdei op tongersdei is de loft berûn en reint it. De sudewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 6 graden.

Tongersdei wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. Der falle boppedat buien. De wyn komt út it súdwesten en is earst matich, letter frij krêftich. By de kust lâns en boppe de Iselmar komt in hurde oant stoarmige wyn te stean. Yn ’e rin fan de dei jout de wyn him wer wat del. De temperatuer leit om de 7 graden hinne.

Freed, sneon en snein is it ek tige ritch, mei in flink stik wyn.

Jan Brinksma

febrewaris 6, 2019 18:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.